Heale finale einstasjon foar Sander Arends yn Saint-Brieuc

Tennisser Sander Arends is der net yn slagge de finale fan it challengertoernoai fan Saint-Brieuc te berikken. De Ljouwerter gie, tegearre mei syn Eastenrykse maat Tristan-Samuel Weissborn, mei 6-3 7-5 ûnderút tsjin it Frânsk-Kroatyske duo Eysseric/Sancic.
© www.orange-pictures.nl
Yn de earste set krigen beide duo's fjouwer breakpoints. Arends en Weissborn makken dêr ien fan, mar Sancic en Eysseric pakten twa kear in break. Ek yn de twadde set wiene der breakpoints foar beide koppels, mar allinnich Sancic en Eysseric koenen der ien fersulverje.
Arends en Weissborn wienen titelferdigener yn Saint-Brieuc. Arends stiet nei it toernoai yn Frankryk op it 93e plak fan de wrâld. Takom wike spilet hy gjin toernoai, dêrnei spilet er in toernoai yn de Taiwaneeske haadstêd Taipei.