Frijwilligers romje It Hearrenfean op by Opskjindei

Jierliks wurdt hast 200 miljoen kilo swalkôffal dumpt yn ús lân, dat faak lang lizzen bliuwt. Yn it ramt fan de Lanlike Opskjindei fan Nederland Schoon wiene der sneon in soad frijwilligers op paad op It Hearrenfean om de rommel op te romjen.
Opskjindei op It Hearernfean
Ek meiwurkers fan McDonalds diene mei. "We voelen ons verantwoordelijk omdat sommige klanten hun afval gewoon ergens dumpen", sa seit Ronald Zuiderveld fan de McDonalds op De Lemmer en De Jouwer.
De lêste 15 jier wurdt der hieltyd mear ôffal dumpt. It giet jierliks om mear as 200 miljoen kilo swalkôffal. Boskwachters fan Steatsboskbehear treffe fan alles oan: "Peuken, plastic, koelkasten, resten van een wietkwekerij, je kunt het zo gek niet bedenken," seit boskwachter Harco Bergman fan de Kúnder Bosk.

Treintsje fan frijwilligers

Op It Hearrenfean waard in treintsje mei frijwilligers ynset yn de wiken. Der hat krekt in himmelwike west mar dochs waard der in soad troep oantroffen. "Gemakzucht. Als mensen een bananenschil zien liggen, gooien ze er gewoon eentje bij," fertelt wethâlder Jaap van Veen, dy't mei syn gemeente Hearrenfean de skjinste fan Nederlân wurde wol.