Jan Rijpstra offisjeel beneamd ta boargemaster fan Smellingerlân

De ministerried hat grien ljocht jûn foar de offisjele beneaming fan Jan Rijpstra as boargemaster fan Smellingerlân. De 63-jierrige Rijpstra is lid fan de VVD. Hy wie oant jannewaris boargemaster fan de eardere gemeente Noardwyk yn Súd-Hollân.
© Rijksoverheid
Rijpstra folget Tom van Mourik op. Dy hat oardel jier waarnimmer west, neidat doetiids boargemaster Tjeerd van Bekkum de oerstap makke nei de organisaasje fan Kulturele Haadstêd. Jan Rijpstra begjint woansdei oan syn nije baan yn Smellingerlân.