Tjeerd van Bekkum foarsitter Oranjewoud Festival
Tjeerd van Bekkum wurdt de nije foarsitter fan it Oranjewoud Festival. Van Bekkum wie hjirfoar de baas fan Kulturele Haadstêd en dêrfoar boargemaster fan Smellingerlân.

Hy ferwachtet dat er der mei syn netwurk foar soargje kin dat it Oranjewoud Festival ek lanlik better op de kaart komt te stean.
It Oranjewoud festival is in jierliks klassyk muzykfestival fan meardere dagen op ferskate lokaasjes yn it parklânskip fan Oranjewâld.
