Fonteinen alle alve oan, mar finansjele ôfwikkeling noch net rûn

Alle alve fonteinen fan it 11Fountains-projekt binne dizze freed foar it earst tagelyk oan. Dy fan Dokkum is yn febrewaris iepene en draait it hiele jier troch. De oare tsien fonteinen wurde yn de winter útskeakele om alle jierren yn maart wer oan te gean. It fonteineprojekt liket klear, mar de finansjele ôfwikkeling is noch net rûn.
Fonteinen alle alve oan, mar finansjele ôfwikkeling noch net rûn
Dat hat alles te krijen mei de ekstra kosten dy't makke binne. Dy binne hast 5 ton op in begrutting fan 5,6 miljoen euro. Ek al wiene de fonteinen in kado foar de 6 gemeenten dêr't de fonteinen steane, se moatte wol foar de ekstra kosten opdraaie. Boppedat foelen de sponsorynkomsten bot ôf: 750.000 euro minder as hope. Hjir draait de provinsje foar op.

Kosteferdieling

De gemeenten binne noch yn petear oer de ferdieling fan de ekstra kosten en dit keallet swier. Der binne ferskate farianten mooglik. Bygelyks de 5 ton gelyk ferdiele oer alle fonteinen, oer de gemeenten of oer it ynwennersoantal. In oare opsje is dat elke gemeente foar it tekoart yn eigen gemeente opdraait.
By de earste fariant betellet de gemeente Súdwest-Fryslân in hiel soad om't 6 fan de 11 fonteinen yn dizze gemeente steane. By de lêste fariant betellet Noardeast-Fryslân it meast, om't de iisfontein yn Dokkum flink djoerder útfallen is.
© Gemeente Waadhoeke
De gemeente Ljouwert betellet neat foar de ekstra kosten, de provinsje nimt dat diel foar har rekken. Dit is yn 2017 al ôfpraat mei de provinsje, sa lit de gemeente witte. De gemeente Ljouwert naam doe De Reuzen fan de Kulturele Haadstêdorganisaasje oer en de provinsje it fonteineprojekt.

Underhâldsfûns

It wie de bedoeling dat der in stichting oprjochte wurde soe foar it ûnderhâld en de marketing fan de alve fonteinen. Dy is der noch net. De gemeenten hawwe jierliks tusken de 6.500 (Waadhoeke) en 15.000 euro (Noardeast-Fryslân) de fontein reservearre foar it ûnderhâld. It bedrach ferskilt per gemeente. Der wurdt noch besjoen oft en hoe't de gemeenten oparbeidzje kinne yn it behear en ûnderhâld.
De Fryske Marren en Noardeast-Fryslân ha besletten foarearst sels de kosten te beteljen en net mei te dwaan oan it ûnderhâldsfûns. De marketing fan de fonteinen falt no foarearst ûnder de saneamde Legacy-organisaasje fan Kulturele Haadstêd.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
It kostet allegearre wat, mar it smyt ek wat op. Mear toeristen en foaral mear kultuertoeristen. De fonteinen binne fergees te sjen, want se steane gewoan op strjitte. It is dan ek lestich te sizzen hoefolle besikers de fonteinen al lutsen hawwe. De organisaasje LF2028 hat besocht dit yn byld te bringen troch musea, VVV's en in oantal ûndernimmers te hifkjen.

Besikersoantallen

De Oortwolkfontein yn Frjentsjer stiet neist in tsjerke. Gewoanwei besjogge sa'n 16.000 besikers de tsjerke, foarich jier wiene dat der 27.000. It museum yn Sleat luts de helte mear besikers yn 2018: 4.500. "De minsken dy't op de Ljipfontein ôfkomme binne faak minsken mei in museumjaarkaart, dus echt ús publyk", fertelt koördinator Margriet Agricola fan it museum.

Boatsjeminsken

Opfallend yn Hylpen wie dat in soad boatsjeminsken gewoanwei hast net it stedsje yngienen, mar dit wie foarich jier faker wol it gefal. Der stienen altyd wol minsken om de Flora en Faunafontein hinne. Ek yn Boalsert wie it ferline jier drok, foaral mei Belgyske toeristen. Dat hat nei alle gedachten te krijen mei dat de keunstner fan de Flearmûzefontein in Belch is.
Fierder wie der ek in spesjale bustoer dy't lâns alle fonteinen gie. Dy hat yn 2018 169 ritsjes makke.

Lange simmer

Oft dizze ekstra drokte allinnich troch de fonteinen komt, is lestich te sizzen. It wie fansels ek in moaie lange simmer, de ekonomyske krisis leit efter ús en der wiene ek oare kulturele aktiviteiten.
Ferslachjouwer Wendy Kennedy is by de fontein yn Boalsert
Alle alve fonteinen op in rychje: