Gedicht: 'Woede' fan de Dichter fan Fryslân
De Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, hat in nij gedicht makke: 'Woede'. It giet oer de oanslach yn Utert en de ferkiezingen fan woansdei.

WOEDE
*
Hoe't immen, al tikjendewei, in bom fan haat
yn it hert omjaget, in trein, winkel of tram
ynstapt en bûten sinnen mei in kop fol nacht,
yn it hert omjaget, in trein, winkel of tram
ynstapt en bûten sinnen mei in kop fol nacht,
djip yn himsels ferdwaald, himsels yn woede
en geweld in útwei tinkt en mei alle lûken
fan 'e siele ticht in keamer fol kûgels leech sjit.
en geweld in útwei tinkt en mei alle lûken
fan 'e siele ticht in keamer fol kûgels leech sjit.
*
Hoe't op in moarntiid immen himsels manifest
makket, radikaal gek, hiel 't raderwurk fan
in stêd stilleit as wie it Heger Macht's wurk,
makket, radikaal gek, hiel 't raderwurk fan
in stêd stilleit as wie it Heger Macht's wurk,
wylst der altyd ergens immen is dy't sûnder
smoarge hannen, simpelwei ûnskuldich, troch
misdied en straf weireizget op dea syn trams.
smoarge hannen, simpelwei ûnskuldich, troch
misdied en straf weireizget op dea syn trams.
*
Hoe't midden yn it wâld fan it geweld alle
klokken befrieze, in punt tsjin de himel
slane, sa't in elk, in tel fan skrik ferstienne,
klokken befrieze, in punt tsjin de himel
slane, sa't in elk, in tel fan skrik ferstienne,
langer net mear wit hokker paad te nimmen,
hokker paad te nimmen as hate rûnom
de ûleflecht makket mei B. syn nije oarder.
hokker paad te nimmen as hate rûnom
de ûleflecht makket mei B. syn nije oarder.
Foar twa jier is Eeltsje Hettinga (1955) beneamd ta earste Dichter fan Fryslân. Hy is yn 2018 begûn.
De Dichter fan Fryslân skriuwt seis oant tsien gedichten yn it jier. Hy treedt op as poëtysk ambassadeur en draacht op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân. De Dichter fan Fryslân wit op in eigentiidske en tagonklike wize aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema's te fangen yn poëzij.