Sa is der yn dyn gemeente stimd by de Provinsjale Steateferkiezingen
De stimmen fan de Provinsjale Steateferkiezingen binne teld. Yn Fryslân bliuwt it CDA de grutste partij, folge troch PvdA en Forum voor Democratie. En hoewol't dit oer ús provinsje giet, is it altyd nijsgjirrich om te witten hoe't der yn dyn gemeente stimd is. Kinst it op ús útslaggekaart sjen.
Sa sjogge we dat it CDA yn de measte gemeenten it grutst is. De Partij van de Arbeid docht it goed yn Ljouwert en krijt ek yn trije oare gemeenten de measte stimmen. Nijkommer Forum voor Democratie is it grutst yn de gemeenten Harns en yn de Stellingwerven. De VVD is op twa Waadeilannen it grutst: Flylân en Skylge.