"Frisismen wurde hieltyd bewuster brûkt as grapke"

'Lieve 17', 'ik was betijd van bed' of 'waar kom je weg' binne in pear frisismen dy't faak wolris sein of heard wurde. Miskien as grapke of wannear't in stânfries dapper Nederlânsk besiket te praten. Fryske útdrukkingen of siswizen wurde bewust of ûnbewust ferhollânske en dat smyt gauris hilaryske teksten op, dy't op sosjale media tige populêr binne.
Anna Veeninga © Eigen foto
Dat foel ek Anna Veeninga fan it Dockinga College yn Dokkum op en dêrom besleat sy har hiele profylwurkstik oer frisismen te skriuwen. "Under oare troch Praat mar Frysk, ik seach altyd fan dy leuke frisismen op Facebook stean, en ek troch de taalferoaring om my hinne", seit Anna. "Ik seach in soad minsken dy't wat 'stuntelje' mei it Frysk en it Nederlânsk en dat fûn ik wol hiel nijsgjirrich om te ûndersykjen."
Anna Veeninga skreau in profylwurkstik oer frisismen
Troch it ûndersyk kaam Anna derachter dat frisismen hast net mear brûkt wurde yn de sprektaal. Neffens har binne der noch wol 'djipfriezen' dy't wat ûnhandich binne mei it Nederlânsk, mar wurde frisismen no faak bewust brûkt op sosjale media, yn ferskes of boeken.
"Tsjintwurdich wurdt it faak as humor brûkt, as grapke, mar foarhinne wie it echt in ûnbewust taalferoaringsstikje. Trochdat it Nederlânsk in soad ynfloed hat op it Frysk, komt dat tsjintwurdich eins net mear foar."
© Instagram, @frisismen
Frisismen binne yn ferskate publikaasjes ferskynd, sa as it boekje 'Mijn vrouw is uitgenaaid!'. Bekend is ek de rubryk Bokwerder Belang fan skriuwer en sjoernalist Rink van der Velde, dy't yn de Ljouwerter Krante stienen yn de jierren 70 en 80.
Ek op sosjale media binne frisismen hieltyd populêrder. Op Facebook en Twitter binne ferskate siden te finen en Anna is sels ek in account begûn, op Instagram. Dêrop pleatst se alle wiken in nije foto mei in grappige tekst oer wat aktueels.
In koart listje mei frisismen:
Daar kan ik niet over (Daar kan ik niet tegen)
Ik heb te lange boksen (Ik heb te lange pijpen)
Valt hier nog wat te redden (Valt hier nog iets te beleven)
Waar heb je dat weg (Waar heb je dat vandaan)
Ik heb het zuiver koud (Ik heb het zowaar koud)
Ik zal de auto even zwaaien (Ik zal de auto even omkeren)
Hij vindt dat niet zo slim (Hij vindt dat niet zo erg)
Zij is geprikt door een neef (Zij is gestoken door een mug)