Gearkomste fan Forum voor Democratie yn Drachten drok besocht

Der wie grutte belangstelling foar de gearkomste tiisdeitejûn fan de partij Forum voor Democratie yn De Lawei yn Drachten. Nei skatting binne der sa'n 700 minsken op de ferkiezingsjûn ôfkaam. Dêrby wiene ûnder oaren Twadde-Keamerleden Thierry Baudet en Theo Hiddema oanwêzich.
De seal siet grôtfol mei sa'n 500 minsken. Ek bûten wienen noch in pear hûndert minsken, dy't net nei binnen koenen. Foarôfgeand oan de gearkomste hâlde it AFA (Anti Fascistische Actie) Fryslân in demonstraasje. Dêrby waard troch demonstranten 'nooit meer fascisme' skandearre. Dat waard beäntwurde mei 'nooit meer communisme'.
Soad minsken by Forum Voor Democratie © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Forum voor Democratie kaam net echt mei Frysk provinsjale stânpunten foar de ferkiezingen. Se wolle sitten ha yn de Earste Keamer. Dêrmei wolle se benammen foarkomme dat de klimaatwet der troch komt. Mar eins is de partij der foar om de Earste Keamer mar hielendal ôf te skaffen. Referinda soenen in better alternatyf wêze. Der waarden filmkes fertoand mei boadskippen as hoe grutsk we op ús lân wêze kinne, hoe min oft de klimaatwet is foar ús en dat ymmigraasje hielendal út de hân rûn is.
Gearkomste Forum Voor Democratie mei Thierry Baudet
Demonstraasje fan Anti Fascistische Actie Fryslân by de byienkomst fan Forum Voor Democratie © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De partij profilearret him as in anty-establishmentpartij. It boadskip gie der by de besikers yn as koeke. Dat wiene benammen manlju tusken de 20 en 60 jier út Fryslân, Grinslân en Drinte en fan wâldpyk oant korpsbal. Sprekkers wiene de Twadde-Keamerleden Thierry Baudet en Theo Hiddema, listlûker foar de Earste Keamer Henk Otten en de listlûkers fan de trije noardlike provinsjes.
Foar- en tsjinstanners fan Forum Voor Democratie