FIDEO: Wêrom binne Friezen grutsk op har eigen taal?

Friezen fiele harren it meast ferbûn mei harren provinsje fan alle Nederlanners. Ek binne se fan alle Nederlanners it meast grutsk op harren eigen provinsje. Dat docht bliken út in enkête, útfierd troch I&O Research yn opdracht fan de NOS en de regionale omroppen.
Tafelpetear oer Grutsk op Friese taal
Yn Fryslân Hjoed prate de 'Fryske Flogger' Eduard Rekker en Mirjam Vellinga fan de Afûk deroer. Se ha beide wat muoite mei it wurd 'grutsk', mar se binne wol grutsk. "Ik fyn it in lestich wurd, mar Fryslân is in machtich moaie provinsje," seit Eduard Rekker. "Mar it kin ek ynhâlde dat it hjir better is as ergens oars en dat is net sa."
"Ik bin wol grutsk op de Fryske taal", seit Mirjam Vellinga. "Ik fyn it moai dat al iuwenlang sein wurdt dat de taal útstjert, mar noch hieltyd bestiet." Ut it ûndersyk kaam nei foaren dat fral jongeren grutsk binne. "Dus we kinne noch in moai skoft foarút."
Eduard Rekker hat wol besocht yn it Nederlânsk te floggen. "Minsken freegje my dat ek wol, want dan soe ik mear minsken berikke. It Frysk stiet it tichtst by my. Doe't ik it yn it Nederlânsk die, seinen minsken dat dat mar net mear moast."
"Mei it Frysk bynst mear minsken oan dy", follet Mirjam Vellinga oan. "Dan hast in grutter berik as alle oare vloggers yn it Nederlânsk, want kinst dy mear ûnderskiede."
De jeugd brûkt it Frysk mear, en se ek appe yn it Frysk. "Ek al dogge se dat fonetysk, op social media wurdt fral sprektaal brukt, it wurdt hieltyd gewoaner om Frysk te skriuwen. De drompel is leger. Minsken binne minder bang om flaters te meitsjen" seit Mirjam Vellinga.
Neffens Eduard Rekker moatte minsken har net lyts meitsje, it saneamde Calimero-effekt. "Gean der gewoan foar!"