Polityk moat kommende fjouwer jier in oplossing fine foar it feangreidegebiet

De Fryske politisy yn de Steaten en it Wetterskip moatte mei oplossingen komme foar de problemen yn it feangreidegebiet. Bart dat net, dan hat dat gefolgen foar de lânbou yn de hiele provinsje. Ek driigje dan 28.000 hûzen te fersakjen. Mei dy warskôging komt lânskipsarsjitekt Peter de Ruyter. "Het is vijf voor 12 voor het Lege Midden van Fryslân."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Dizze wike stiet Omrop Fryslân yn in rige ferhalen stil by in ferskaat oan ferkiezingstema's. It giet om ûnderwerpen dy't belangryk binne foar de takomst fan de provinsje of dêr't bot oer diskussiearre wurdt, lykas de pleatsing fan wynmûnen. No it ferhaal oer ien fan de tema's dy't fan grut belang is foar de takomst fan Fryslân: Hoe moatte wy omgean mei it feangreidegebiet?
De Fryslân DOK dokumintêre 'Fean' is yn twa dielen op snein 10 en 17 maart fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.
Yn de provinsje wurdt al lang praat oer wat der dien wurde moat yn it feangreidegebiet. Troch wetterpeilferlegings sakket it fean hieltyd fierder. Natuerorganisaasjes wolle dan ek dat it grûnwetterpeil wer omheech giet. Boere-organisaasjes binne dêr op tsjin. It buorkjen wurdt dan sa goed as ûnmooglik.

Tiid foar aksje

Peter de Ruyter is lânskipsarsjitekt. Al jierren docht hy ûndersyk nei it feangreidegebiet yn Fryslân. Hy sjocht hoe't de problemen yn Fryslân hieltyd grutter wurde. "Het is vijf voor 12 voor het Lege Midden van Fryslân. De komende jaren moet de politiek een besluit gaan nemen hoe om te gaan met het gebied. Fundamentele keuzes die ingrijpend zijn. Doen ze dat niet, dan keert de wal het schip."

Neitinke oer wetterberging

De Ruyter doelt op de klimaatferoaring en it folsleine wettersysteem yn de provinsje. De winters wurde wieter en de simmers drûger. Dat betsjut dat je ek nochris neitinke moatte oer wetterberging: "Waar ga je dat water vasthouden? Dat kan goed in dat gebied. Het is de natuurlijke badkuip van de provincie. Kies je daarvoor dan wordt het landschap sompiger en maak je dus meer natuurgebieden. Het gevolg is wel dat landbouw daar lastiger gaat worden."

28.000 huzen driigje te fersakjen

De Ruyter sjocht dat it besef der stadichoan begjint te kommen by de politisy. "Dat moet ook wel, want als je zo doorgaat als nu, dan heb je over 80, 100 jaar geen veengebieden meer in de provincie." Der is noch mear urginsje, seit de Ruyter. "Er dreigen in dat hele Lege Midden 28.000 huizen te verzakken door het lagere waterpeil. En ook de kosten voor het waterbeheer door het Wetterskip nemen toe. Want als het Lege Midden verder wegzakt dan kost het door het hoogteverschil meer moeite het water met gemalen rond te pompen. Bovendien dreigt verzilting."
It giet dan om it sâlte wetter dat ûnder de grûn troch omheech komt fan de Waadsee út. De lânbou moat him oanpasse en op in oare wize buorkje. De Ruyter: "De boer moet een fundamentele keuze gaan maken hoe om te gaan met de toekomst en het doorgeven van de boerderij. Kun je op dezelfde voet verder?"

Feanfûns

Dochs binne der oplossings. De Ruyter pleitet foar in Feanfûns. "Met daarin geld om mensen te helpen elders naar toe te gaan. Net als je eerder de ruilverkaveling had. Hoe kun je grond dus beter verdelen. Want misschien wil de ene boer wel op een wat natter gebied werken en een ander op een droger. Die keuzevrijheid moet je de mensen geven. Pak je dat goed op dan valt er een goede boterham te verdienen."
© feangreidegebiet
Peter de Ruyter, lânskipsarsjitekt
Ko van der Brink wennet yn Ychten. Jierren lyn seach hy skuorren ûntstean yn syn wente. Stadichoan sakke syn hûs fuort. De oarsaak: syn houten peallen ûnder de wente wiene oantaast troch pealrot. Van den Brink gie lang de striid oan mei de provinsje en it Wetterskip. Neffens him binne sy ferantwurdlik foar de ferleging fan it wetterpeil. It koste Van den Brink 70.000 euro om de skea te werstellen en te soargjen foar in nije fundearring.
It probleem fan doe is neffens Van den Brink noch lang net oplost. "De problemen hier en met de paalrot zijn bekend. Al 15 jaar lang. Alleen wordt er alleen maar over gesproken. Er komen rapporten, nieuwe rapporten, studies, een pilotproject en weer een bijeenkomst. Het zijn alleen geen nieuwe palen en die hebben we juist nodig. Het is een ernstig probleem."

Drûge simmer

De drûge simmer hat holpen it probleem fan it feangreidegebiet ûnder de oandacht te krijen, mar Van den Brink is skeptysk oft it goed op de radar fan de provinsjale politisy stiet. "De vraag die centraal moet staan, is hoe je kunt voorkomen dat nog meer huizen gaan verzakken. Dus dat er gezocht wordt naar een oplossing. Wat ze nu doen is vooral stellen dat er een probleem is. Ja, dat weten we al heel erg lang. Je moet voorkomen dat huizen droog komen te staan. Dat is de opdracht."
Neffens Van den Brink meitsje de Steaten der op it stuit in wedstriid fan. "Het is burgers tegen boeren en andersom. Wie heeft er gelijk? Maar daar gaat het niet om. Met iedere oplossing vallen er slachtoffers. Voor die groep moet je er zijn." Van den Brink fynt dan ek dat de provinsje miljoenen reservearje moat op de begrutting foar it regeljen fan de skea en foar kompensaasje. "Zorg dat mensen kordaat geholpen worden. Want blijven praten en schrijven over problemen lost niets op."
Ko van den Brink
Marten Dijkstra buorket yn Aldeboarn. Syn pleats stiet middenyn it Lege Midden. Dijkstra is drok dwaande mei de takomst fan syn lân en de wize fan buorkjen. Sels is hy bot dwaande mei wetterbehear. Dijkstra sjocht wol wat yn de plannen fan lânbou-organisaasje LTO. Dy wol ta op in systeem dêr't boeren sels by bepale kinne hoe heech it wetter komt te stean. Dijkstra: "As ik net op it lân hoech te wêzen, dan kin it peil omheech. Moat ik der op wurkje dan set ik it omleech."
Dochs is hy net blyn foar de problemen. "Ik ha it gelok dat ûnder myn grûn in laach klaai sit mei dêrûnder in dikke laach fean. As dat fuort is, dan sakje wy in hiel ein nei ûnderen. Dêrom wurkje ik ek mei oan allegear proeven om te sjen hoe't je dochs buorkje kinne yn sa'n gebiet." It giet dan ûnder oare om in proef mei ûnderwetterdrainaazje en ek wurdt op syn lân mjitten hoefolle CO2 útstjit der út it rotsjende fean komt.

Net samar alles ûnder wetter sette

Dijkstra is bliid mei de diskusje dy't ûntstien is oer de takomst fan it gebiet. Mar om no samar blyn it peil te ferheegjen, sa't guon politike partijen wolle, sjocht hy net sitten. "Dan skeakelje wy in grutte ekonomyske faktor út, is de wurkgelegenheid fuort. Boppedat sjitte je dêr sa neat mei op. Litte we no earst wachtsje op wat alle proeven opsmite. Dus dat we dúdlikens ha oer de útstjit fan CO2 en it effekt fan de drainaazje. En as we witte wat dêr it effekt fan is, dan kinne we in folle better beslút nimme."

Under de oandacht

It ûnderwerp fertsjinnet folle mear oandacht fan de polityk, fynt Dijkstra. "It is krekt as it klimaatprobleem fan no. It is dreech te begripen en stiet dan al gau fier fan ús ôf, Fergelykje it mei in neiste fan jo dy't dea giet. Dat rekket je mear as in ûngemak yn sis Afganistan, wêrby't 30 minsken om it libben komme. Dit ûnderwerp moat de kommende jierren heger op de aginda stean. Dat is in dúdlike politike opjefte."
Marten Dijkstra, boer yn Aldeboarn