Earste ljipaaien fan Smellingerlân en Noardeast-Fryslân no ek fûn

Der binne sneintemoarn opnij earste ljipaaien fûn yn Fryslân. De gemeenten Smellingerlân en Noardeast-Fryslân kinne no ek it frije fjild slute.
Ljipaaien © Shutterstock.com
Om kertier foar achten waard it earste ljipaai fan Smellingerlân fûn, lit it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) witte. It aaike waard oantroffen by De Wylgen troch Auke Tuinstra út Drachten.
It earste ljipaai fan Noardeast-Fryslân waard om kertier oer achten fûn yn in perseel by Kollum. Robert Thalen trof dêr in twake oan.
Freed waarden der ek al earste ljipaaien fûn yn de gemeenten De Fryske Marren, Weststellingwerf, Opsterlân en It Amelân en sneon yn Súdwest-Fryslân en Tytsjerksteradiel. It earste aai fan Fryslân wie dit jier ek it earste fan Nederlân. It lei by Vegelingsoard.