Oalje op de dyk op West-Skylge
De brânwacht op Skylge moast woansdeitemiddei yn aksje komme nei in melding fan oalje op de dyk. Dat wie op de Nieuwe Dijk yn West-Skylge.

Nei alle gedachten hat in auto of in frachtauto de oalje op de dyk lekke litten. De brânwacht hat in part fan de oalje fuortspuite mei in oplosmiddel. De rest sil op in letter momint fuorthelle wurde.