HEA! Linebeammen snoeie yn Marrum

HEA! Linebeammen snoeie Marrum
Ienris yn de twa jier moatte de 109 linebeammen op it tsjerkhôf fan Marrum snoeid wurde. In hiele put, dy't bytiden fjouwer wiken yn beslach nimt. Lokkich hoecht koster Geert Dijkstra it wurk net allinnich te dwaan. Ferskate frijwilligers -op leeftiid- stekke graach de hannen út de mouwen.