Blog: Parsekaarten en hektyk

Wat-in-dei!
Fan 'e moarn om acht oere begûn de dei. Op 'e tiid fuort, want we moatte ús parsekaarten ophelje en ik ha der net ien. Twa moannen lyn bin ik begûn mei it oanfreegjen fan in saneamde akkreditaasje. Mar gjin sukses. Fjouwer kear yn de wike maile en de lêste wike eltse dei belje. Probleem is dat je foar radio en tillevyzje gjin tagong krije. Ja, dat kin wol, mar dat rinne de kosten yn de tsientûzenen. Sa kin it dat myn kollega fan de Ljouwerter Krante wol in parsekaart hat.
Ik kies foar de opsje bluf. Gewoan de papieren meinimme, alles ûndertekenje en mar sjen. "No, we don't have a presscard for you." Oh, what a surprise. Mar ik ha him wol oanfrege? "Rojelof de Vies?" Ja, sokssawat. It probleem is dat se my gewoan betelje litte wolle. Dan mar sizze dat ik net mei in kamera filmje. En ynienen koe it, mar dan kostet it noch wol 2000 euro. Uteinlik ha ik in parsekaart krigen foar fjouwer dagen. Foar hjoed, de achtste, de njoggende en de alfde etappe.
Foar ús camper ha we in blauwe stikker. En hoe briljant is dat? Yn Luik, it startplak fan dizze Tour, is it in mierehoop oan minsken. Alles is ôfsetten. Mar dêr komme Andries en Roelof oan mei harren camper en blauwe stikker. Ho, stopje, seit de plysjeman. Sûnder te remjen ride we troch, hy sjocht ús stikker, knikt, skoot de hekken oan 'e kant en hoppa: we ha tagong ta alles. It village départ, de bussen fan de hurdfytsers, sterker noch we stean gewoan njonken it startblok.
Dat kamerawurk is wol dreech. Sels bin ik gjin kameraman. Dat is in fak, dat lear je net samar efkes. Hjir filmje ik sels en doch ik ek sels de ynterviews. Mei in saneamde steadystick oan myn riem fêstplakt, dat wurket as in soart statyf, moat ik filmje. En skerp bliuwe tagelyk. Net allinnich kwa byld en kwa fragen. Dat is dreech hear.
Mar jonge jonge, wat is it moai om alles fan sa tichtby ris mei te meitsjen. En wat binne hurdfytsers leuke minsken. Sa relaxt, dêr kinne in soad proffuotballers noch wat fan leare.
Wylst ik dit stikje tikje, rinne de hurdfytsers fan Vacansoleil, Orica GreenEdge en BMC foarby. Dochs bysûnder datst oan it montearen bist en Cadel Evans rint ynienen foarby en seit hello. Ek Lieuwe en Pieter kamen efkes del. Om te sjen wat we dogge. Efkes in praatsje meitsje yn it Frysk fine se neffens my wol lekker. En Pieter moast bot laitsje om it ynterview fan dyselde dei mei syn âlders. Moandei yn Boppeslach, snein op de radio.
Moarn op nei Seraing. Neffens Pieter in ferskrilik suterich gebiet. Se ha dit parkoers foaral útsetten foar local hero Philippe Gilbert. It hiele seizoen noch net yn foarm, mar wa wit. Mar wat wit is it ek wol in moaie oankomst foar Westra en Mollema.