Kulturele Haadstêd tige tefreden: 5,3 miljoen besikers

De organisaasje fan LF2018 en de polityk binne tige tefreden oer de resultaten fan it Kulturele Haadstêdjier. Tongersdei presintearren se de sifers. Der ha yn totaal 5,3 miljoen besiken west oan de projekten fan LF2018 yn ús provinsje. "Investeren in cultuur loont", seit kultuerminister Ingrid van Engelshoven.
Wendy Kennedy
"Door Fryslân en Leeuwarden in het bijzonder ben ik een trotse minister van Cultuur", seit Van Engelshoven. "Fryslân heeft ons afgelopen jaar laten genieten van kunst, in welke vorm dan ook."

Besikers

Krekt wat mear as de helte fan de besikers kaam út Fryslân. Der wie rekkene op fjouwer miljoen besikers.
'Lân fan taal' luts de measte besikers: 800.000. Krekt wat mear as in heal miljoen minsken giene yn 2018 nei it Fries Museum en de Reuzen fan Royal de Luxe lutsen 430.000 besikers.
© Omrop Fryslân

Ynkomsten

LF2018-direkteur Tjeerd van Bekkum sei op 'e nij dat de measte doelen út it bidbook fan 2013 helle binne. Boppedat binne de ynkomsten fan Kulturele Haadstêd 104,6 miljoen euro. Dat is sa'n tritich miljoen mear as beëage. Dat komt benammen troch mear opbringsten út de kaartferkeap. De sifers komme fan de organisaasje sels.
© ANP

Wurdearring

Neffens it Fries Sociaal Planbureau wie goed twa tredde part fan alle Friezen belutsen by LF2018. Fierwei de measten as besiker, mar ek guon as frijwilliger of organisator. Sy joegen LF2018 gemiddeld in 7,4. Minsken dy't net belutsen wienen, joegen it Kulturele Haadstêdjier in 5,7.
It Fries Sociaal Planbureau docht mei de gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân yn 2020 wer in ûndersyk. Sa wolle se sjen oft de aktiviteiten om LF2018 hinne ek op de lange termyn in ympuls jûn ha oan de ûntjouwing fan Ljouwert en Fryslân.