Soad oanmeldingen foar Kleine Prijs van Fryslân; ynskriuwing is stopset

Dit jier is der in grut tal oanmeldingen foar de Kleine Prijs van Fryslân. Al 36 oanmeldingen binne binnenkaam foar dizze kompetysje foar oankommende muzykbands. Foaral de organisaasje fan de foarrondes is fanwege dit gruttte oantal in probleem.
Fersterker foar de gitaar © Shutterstock.com
De oanmelding is dêrom ek earder stopset. Neffens Wiebe Kootstra fan organisaasje Friesland Pop is it nivo fan de ynstjoeringen heech dit jier. Foaral út Ljouwert binne in soad oanmeldingen binnenkaam.
De earste foarronde is op 8 maart op It Hearrenfean.
De Kleine Prijs van Fryslân wurdt dit jier foar de 33ste kear hâlden. De winner mei takom jier optrede op Noorderslag en it Befrijingsfestival. Eardere winners binne ûnder oare Daily Bread (2008), Sväva (2013) en Lester Blackfield (2018).