Bette Dam fan Kollumersweach docht ûndersyk nei Talibanlieder Mohammed Omar

Fiif jier lang stoarte sjoernalist Bette Dam fan Kollumersweach har op de syktocht nei ynformaasje oer ien man: âld-Talibanlieder moellah Omar. Jierrenlang wie de man ien fan de grutste fijannen fan de Amerikanen, mar it frjemde wie: se wisten hast neat oer him.
Bette Dam: ûndersyk nei Mullah Omar
"Der wie ek mar ien ûndúdlike foto fan him en gjinien wist seker oft dat him wie", fertelt Dam. Mar sy wit wol tichterby te kommen. Yn har boek Op zoek naar de vijand dat ferline wike útkaam is, skriuwt se oer har petearen mei Omari, de man dy't moellah Omar de lêste tolve jier fan syn libben fersoarge.

Moellah Omar

Mohammed Omar, ek wol moellah Omar neamd, wurdt beskôge as de heechste lieder fan de Taliban yn Afganistan tusken 1996 en 2001. Mar ynformaasje oer him is der net. It iennige wat op ynternet rûngiet is de foto hjirûnder. Mar der binne ek twivels oft dit him wol echt is. Der wurdt sein dat moellah Omar in goeie freon wie fan Osama Bin Laden. Hy soe Bin Laden de romte jûn ha as it giet om de tarieding fan de oanslaggen op de Twin Towers. En Omar woe Bin Laden dan ek net útleverje oan Amearika nei de oanslaggen.
Yn 2001 falle de Amerikanen Afganistan binnen, Omar flechtet en de Feriene Steaten ferklearje him ta terrorist mei in beleanning fan 10 miljoen dollar op syn holle. Sûnt dat momint hat gjinien in idee fan wêr't de man is. It iennige wat se dan ek as beskriuwing fan him jouwe is: swart hier, lang, Afgaansk en in ferwûning oan syn rjochtereach. 12 jier lang sit hy ûnderdûkt. En pas yn 2015 komme berjochten út Afganistan dat Omar al twa jier dêrfoar stoarn is. Mar oant no wie it noch hieltyd net dúdlik wêr't hy yn al dy jierren sitten hat.
© NOS
Fan de soan fan Osama bin Laden oant eardere buorlju fan moellah Omar. Bette Dam spruts mei in lytse hûndert minsken dy't allegear wat oer de mysterieuze Omar fertelle koenen. Mar de belangrykste man wêrmei't se prate woe, wie Omari. Meardere kearen hearde se dat hy moellah Omar tolve jier fersoarge hat. In pear moanne lyn krige se te hearren dat hy arrestearre is yn Zabul, it plak dêr't Omar begroeven leit.
Se kaam yn kontakt mei him en hy fertelde har alles wat se witte woe. Moellah Omar siet sûnt 2001 yn Zabul, op mar in oere rinnen fan in Amerikaanske militêre basis. Hy wenne yn lytse keammerkes en ien kear ha der sels Amerikanen yn it hûs west, mar dy binne syn keamer foarby rûn.
Reaksje Afghanen Khalilullah Safi Ahmad Issa

Wa is Bette Dam?

Bette is yn 1979 berne yn Kollumersweach. Doe't se 18 jier wie, ferhuze se nei Amsterdam om dêr politikology te studearjen. Dêrnei is se begûn as sjoernalist by in lyts parseburo Nobum. Yn 2006 krige se de kâns om mei te gean nei Kamp Holland yn Uruzgan, mar kaam mei in soad teloarstellingen werom.
"Ik maakte vanaf 2007 regelmatig mee hoezeer westerse troepen en de mainstreammedia in verwarring konden (en kunnen) raken in deze versimpeling van de strijd. Het Amerikaanse leger stelde bij elke aanval of dode dat het ging om een Talibanaanslag, terwijl dit in realiteit vaak best onduidelijk was", skriuwt se yn har boek.
Dit wie foar har de motivaasje om selsstannich werom te gean nei Afganistan. "Alleen door dit verhaal opnieuw met hen te beleven en zo in detail Uruzgan te portretteren, zou ik de acties vanuit Kamp Holland beter kunnen begrijpen, zo redeneerde ik."
Yn 2009 publisearret se nei oanlieding dêrfan in boek oer de Afgaanske presidint Hamid Karzai. Doe't se dit boek oan it skriuwen wie, wekte it noch in ynteresse by har."Ik vroeg me continu af: als er zoveel onduidelijk is over de vijand, wie zijn die Taliban dan wel? Als ik de vijand beter zou begrijpen, zou ik ook meer van deze oorlog snappen, vermoedde ik." Sa begûn se har syktocht nei moellah Omar.
Mar hoe kin it no dat in sjoernaliste út Kollumersweach it fertrouwen wint fan safolle Afganen? Dat komt just omdat se Frysk is, seit Bette. "Dy Fryske mentaliteit en nochterheid. Ik kom foar harren net feroardieljend oer. Dat hat my tink ik in hiel soad holpen."
It opgroeien yn in doarp hat ek holpen neffens har. "De systemen fan in sletten mienskip wurkje itselde yn in doarp Fryslân of in doarp yn Afganistan. Ik begryp wat dêr bart.,"
Dêrneist begjint de skriuwster in soarte fan ferneamdheid te krijen yn Afganistan. Har foarige boek hat se oersette litten yn it Pashtun en it Farsi. "De Afganen wurdearje it hiel bot dat ik dat dien ha. Dat ik de oare kant fan de oarloch ek fertel. Dêrtroch binne se ek iepen rjochting my."