Earste beton foar nije parkeargaraazje Ljouwert stoarten

Oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert is tiisdeimiddei offisjeel úteinset mei de bou fan in parkeargaraazje. Dy garaazje. mei de namme Revius, wurdt twa ferdjippings leger as earder de bedoeling wie. De oanpassing is dien op fersyk fan de omwenners, dy't in heech gebou yn har buert net sitten seagen.
Earste beton foar nije parkeargaraazje Ljouwert stoarten
Der is njoggen jier oer de komst fan de garaazje praat. De bou set dus lang om let útein, mar de omwenners binne der net wiis mei. "Minsken dy't der streekrjocht tsjinoer wenje, tochten der wat oars oer. Dat mei ek. Mar ik hearde krekt fan in omwenner dat er it dochs wol moai fûn", seit wethâlder Friso Douwstra, dy't tiisdei it earste beton stoarte.
It wurdt in parkeargaraazje mei 281 plakken, mei in rustfrijstielen bûtenkant en oan de binnenkant in soad ferwizings nei blommen en grien. De arsjitekt neamt it ien fan de grienste en duorsume parkeargaraazjes dy't der binne.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust wie by it lizzen fan it fundamint
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De garaazje komt der foar de minsken dy't yn de omjouwing wurkje. In soad kantoaren stean lykwols leech. "Der binne enoarme ûntwikkelings yn dit gebiet, kwa wenjen en kwa bedriuwen. Der komt genôch fernijing yn it gebiet."
Doeke van Wieren is de arsjitekt fan de parkeargaraazje. "Het wordt een mooie parkeergarage, omdat dit de enige parkeergarage met een bloemetjesbehang is. We hebben een perforatiewand gemaakt in de vorm van bloemen, die want heeft een aantal functies. Aan de binnenkant creëer je een lichtpatroon met een huiselijk gevoel en aan de buitenkant werkt het als schemerlamp."
De garaazje sil yn maaie iepene wurde.