Pieter Weening op plak 109 yn klassemint nei earste dei Tour of Oman

De earste etappe fan de Tour of Oman smiet de Fryske hurdfytser Pieter Weening in 109e plak op yn it algemien klassemint. Boppe-oan yn it klassemint stean de Noar Alexander Kristoff (1), folge troch de Frânsmannen Bryan Coquard (2) en Nacer Bouhanni (3).
Pieter Weening (argyffoto) © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Boy van Poppel is oant no ta de bêste Nederlanner, mei in sande plak yn de ranglist. Hy sit yn itselde team as Pieter Weening. Oan de wedstriid dogge 125 hurdfytsers mei.
Sneon wie de earste rit, mei in ôfstân fan goed 138 kilometer. Snein moatte de hurdfytsers krekt wat fierder: goed 158 kilometer.
De wedstriid duorret noch oant en mei no tongersdei (21 febrewaris). Alle dagen wurdt der in etappe ferriden.