Riemer oer plan: supporters wer by de klup belûke

Riemer van der Velde en Foppe de Haan meitsje har grutte soargen oer SC Hearrenfean en ha oanjûn dat se graach wat betsjutte wolle foar de klup.
© www.orange-pictures.nl
De beide klupikoanen ha mei Gertjan Verbeek en mei de âld-bestjoersleden Yme Kuiper, Henk Hoekstra en Tjisse Wallendal bepraat hoe't se de klup der wer boppe-op helpe kinne. Dat plan moat der komme yn oparbeidzjen mei it stichtingsbestjoer, de ried fan kommissarissen en elkenien dy't dêr oer meitinke wol.
Dan giet it om meiwurkers fan de klup, mar ek sponsoaren en supporters. Wichtich betingst fan 'Team Riemer' is wol dat der earst in plan op tafel lizze moat en dat dêrnei de betreffende funksjes ynfolle wurde.
Moat in algemien direkteur noch wol in stevich salaris fertsjinje?
Ald-foarsitter Riemer van der Velde
It is de bedoeling dat der fjouwer 'denktanken' gearstald wurde, mei elk in eigen ûnderwerp: finânsjes, fuotbal, stadion en kommersje. "Dan moatte je tinke oan fragen as hoe krije wy it stadion wer fol, wat is it DNA fan de klup en hoe soargje wy derfoar dat de supporters har wer ferbûn fiele mei de klup", seit Riemer van der Velde.
"Boppedat kinne wy ús ôffreegje oft in algemien direkteur fan SC Hearrenfean noch wol in stevich salaris fertsjinje moat. Miskien moatte wy yn dizze sitewaasje sjen nei frywilligers dy't dat dwaan wolle foar in folle lytsere bydrage?"

Gertjan Verbeek

Gertjan Verbeek is dat mei Van der Velde iens. "Het feit dat het sportief zo slecht gaat met SC Heerenveen heeft te maken met jarenlang wanbeleid. De herkenbaarheid en de warmte bij de club is totaal verdwenen."
"Luuc Eisenga zegt dat hij door de voordeur afscheid kan nemen, dat hij de club beter achterlaat dan toen hij kwam", seit Verbeek. "Maar het operationeel verlies is onder hem gegroeid naar zes miljoen euro per jaar."

Gjin reaksje

Ein oktober hat 'Team Riemer' it stichtingsbestjoer fan SC Hearrenfean foar it earst op 'e hichte brocht fan de plannen. Neidat der dêrnei ferskate petearen west ha mei alle belutsenen, hat Van der Velde net de oertsjûging dat se op deselde line sitte. "Se ha trije moannen de kâns krigen, mar der is nea bard. Dêrom stiet it no earst on hold."

Cees Roozemond

Cees Roozemond is 1 febrewaris begûn as 'gedelegeerd bestuurder' en is de ferfanger fan algemien direkteur Luuc Eisenga. Roozemond stiet iepen foar de plannen fan de klupikoanen, mar hat wol betingsten.
Sa sei Cees Roozemond earder yn fuotbalwykblêd Voetbal International: "Hoe implementeren we die kennis in de organisatie in een adviserende rol? In een rol dat er ook acceptatie is als we het net even anders doen, want er bestaat een belangrijk verschil tussen een advies en een dwingend advies."
Gertjan Verbeek sit freed by Arjen de Boer oan tafel yn Fryslân Hjoed om te praten oer it plan. Dat is om 17.00 oere te sjen op Omrop Fryslân telefyzje, www.omropfryslan.nl en de Omrop-app.