Tongersdei krisisoerlis oer fuortbestean kolleezje De Fryske Marren

Tongersdeitemiddei om 17.00 oere hâlde de fraksjefoarsitters fan de kolleezjepartijen yn gemeente De Fryske Marren in krisisoerlis oer it fuortbestean fan de koälysje. No't de FNP definityf tsjin de sânwinning stimd hat, liket de kâns dat de VVD trochregearje wol mei de FNP nihil.
Tongersdei krisisoerlis oer fuortbestean kolleezje De Fryske Marren
Woansdeitejûn waard nei de riedsgearkomste definityf stimd oer de sânwinning. Earder liet de VVD witte de stekker út de koälysje te lûken, as de FNP tsjin de sânwinning stimme soe.

Gjin beklonken koers

Jan Volbeda fan de FNP liet by de gearkomste witte dat it net in 'beklonken koers' wie, wat earst wol tocht waard. Volbeda en de oare seis FNP'ers yn de gemeenteried fine dit momint noch net te let om 'nee' te sizzen. Arguminten: it wingebiet leit yn Natura 2000-gebiet. "Miskien binne der wol alternative plakken", sei Volbeda. "Ek saakkundigen sprekke inoar tsjin."
Olaf Storms fan de VVD fynt draachflak belangryk, mar dat moat ek ôfsetten wurde tsjinoer oare belangen, seit er. Hy doelt op in nasjonale belang fan de sânwinning yn de Iselmar.

Sânwinning fan de baan

Fan de 30 riedsleden stimden 11 foar en 19 tsjin, lykas ferwachte. De sânwinning yn de Iselmar is dêrmei fan de baan.
© Omrop Fryslân, Andries Bakker