Liveblog | 13 febrewaris 2019

LIVEBLOG: Politike spanning yn De Fryske Marren om sânwinning

De gemeenteried fan De Fryske Marren beslút woansdeitejûn definityf oer sânwinning yn de Iselmar. Dat smyt spanning op yn it kolleezje.
Bywurke: 15 febrewaris 2019, 08:37
23:16

Riedsdebat sânwinning klear

Oant safier dizze blog oer de riedsgearkomste fan de gemeente De Fryske Marren. Sânwinning is fan de baan, it kolleezje fan B&W is der noch. Mar de fraach is hoe lang. Folgje de kommende dagen Omrop Fryslân oer dit ûnderwerp. Betanke foar it folgjen en graach oant in oare kear.
23:11

Tongersdei 17 oere krisisoerlis

De fraksjefoarsitters fan it CDA, VVD en FNP komme tongersdeitemiddei 17 oere by elkoar foar krisisoerlis. Net dúdlik is oft de stekker dan út it kolleezje lutsen wurdt. Mar de kâns dat VVD trochregearje wol mei de FNP liket nihil, no't fraksjefoarsitter Storms fan de VVD al sein hat de FNP net betrouber te finen.
22:42

Stimming folget: sânwinning fan de baan

Der wurdt no stimd. Der binne 30 riedsleden oanwêzich. 11 foar en 19 tsjin, sa as ferwachte. De sânwinning yn de Iselmar is fan de baan!
22:41

"Rol FNP beskamsum"

Fraksjefoarsitter Jan van Zanden seit dat hy de rol fan de FNP "beskamsum" fynt.
22:39

Allinne CDA twadde termyn

Fraksjefoarsitter Storms fan de VVD stelt foar om gjin twadde termyn te dwaan, mar gelyk te stimmen. Allinne it CDA wol noch fan in twadde termyn gebrûk meitsje. Maksimaal 3 minuten, seit in strange boargemaster Fred Veenstra.
22:25

Mearderheid tsjin sânwinning yn earste termyn

Sa't it no liket stimme CDA en VVD foar. Dat binne yn totaal tolve stimmen. De rest fan de partijen yn de gemeenteried sille tsjin sânwinning stimme. Dat binne 19 stimmen. Sânwinning yn de Iselmar sil dêrmei fan de baan wêze, mar wat betsjut dit foar it trochbestean fan de koälysje CDA, VVD en FNP? Dêroer sil de twadde termyn dúdlikens jaan moatte.
22:21

It is goed drok by de riedsgearkomste. Minsken sitte sels yn 'e hal.

© Omrop Fryslân, Remco de Vries