Ofslútdyk fiif nachten yn febrewaris ôfsletten fanwegen testen

Rykswettersteat sil yn de jûnen en nachten fan 18 oant 20 febrewaris en 25 en 26 febrewaris testen útfiere, om te sjen oft de brêgen yn de Ofslútdyk goed wurkje. It dyk- en skipfeartferkear is dy nachten tusken 22.00 en 05.00 oere ferhindere.
© Camjo Media
Der binne omliedingsrûten foar it autoferkear yn beide rjochtingen. Neffens Rykswettersteat moat it autoferkear rekken hâlde mei in ekstra reistiid fan 60 minuten.

Net betrouber

Ferline wike waard dúdlik dat de betsjinning fan de brêgen en sluzen net betrouber is. Dêrom hat Rykswettersteat de ôfrûne wiken ûnder oare ekstra kamera's delset.
Om te sjen wat der fierder nedich is foar in strukturele oplossing, moat Rykswettersteat testen dwaan. "We gaan het systeem een beetje oprekken door te testen wat we op het beeldscherm zien en wat er buiten gebeurt. Het is nog niet duidelijk wat het probleem is", seit Erik Diepstraten fan Rykswettersteat.
"Waar we wel tegenaan lopen, is dat bruggen steeds vaker op afstand worden bediend. Onze bedieners zien op camera vaak iets anders dan wat het systeem aangeeft. We willen testen waar dat aan ligt."

Twa jier

Earder waard sein dat de steuring noch wol twa jier duorje kinne soe. "We moeten eerst weten hoe groot het probleem is. We hebben de komende vijf avonden nodig om te analyseren wat er nu werkelijk gebeurt.
Erik Diepstraten oan it wurd
It skema fan de testen oan de brêgen:
Lorentzbrêgen:
Stevinbrêgen: