VVD-fraksje De Fryske Marren: "FNP doet aan scorebordpolitiek"

Koälysjepartijen CDA en VVD binne ferrast troch it beslút fan de FNP om nee te sizzen tsjin it sânwinningsplan yn de Iselmar. VVD-fraksjefoarsitter Olaf Storms is sels planút teloarsteld yn de koälysjepartij. "De FNP kiest nu voor scorebordpolitiek."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Der leit wol in bomke ûnder de koälysje.
Jan van Zanden, fraksjefoarsitter fan it CDA yn De Fryske Marren

CDA ferrast

By Jan van Zanden, fraksjefoarsitter fan it CDA, oerhearsket ferbjustering: "Wy binne net lilk, mar wol hiel ferrast. Wy seagen it wol oankommen, omdat der geregeld oerlis is mei de koälysje. Wy wisten dat der by de FNP twivels wiene, mar dit stânpunt ferrast ús wol. Gewoanwei fynst sa'n beslút plak yn it debat, net fan tefoaren."
Oer hoe no fierder, docht Van Zanden noch gjin útspraak. "Wy ha wol sein: wy litte it efkes besinke. Nei it fraksjeoerlis moandei komme wy mei in reaksje. De diskusje moat iepen fierd wurde. Dan nimme wy in beslút. Mar der leit wol in lyts bomke ûnder de koälysje."
Dit is niet niks.
Olaf Storms, fraksjefoarsitter VVD yn De Fryske Marren

VVD teloarsteld

Olaf Storms is benammen teloarsteld. "Weeg je belangen af in het debat, maar de FNP kiest nu voor scorebordpolitiek. Acht jaar geleden zijn we begonnen met dit project en de FNP heeft dit project al die jaren gevolgd. Dat maakt het zo teleurstellend dat het zo loopt. Je bent er als coalitie om samen bepaalde dingen te doen. In het akkoord dat we hebben gemaakt is het punt zandwinning in het IJsselmeer ook besproken. Het was niet eens de moeite waard om het op papier te zetten, zo eens waren we het."
Storms wol noch neat sizze oer de konsekwinsjes dy't it beslút fan de FNP hawwe kin foar de takomst fan de koalysje yn De Fryske Marren. "We gaan nu eerst rustig nadenken en maandag gaan we wegen wat het betekent voor de coalitie. Maar dit is niet niks."
Jan van Zanden en Olaf Storms