Wurkstraf foar mem dy't minderjierrige dochter oanbiedt foar seksuele hannelings

In 51-jierrige frou út De Jouwer hat 150 oeren wurkstraf krigen, omdat se hat dochter oan twa folwoeksen manlju oanbean hie foar seksuele hannelings.
© Shutterstock.com
De frou liet har doe 14-jierrige dochter in 42-jierrige man út Noard-Hollân massearje neidat se sels seks mei de man hân hie. De dochter wie neaken en de man hie allinnich mar in boksershort oan. De mem hie it famke ûnder druk de massaazje útfiere litten. De man út Schagen hat in wurkstraf fan 200 oeren krigen.
In pear moanne letter moast it famke seks hawwe mei in 33-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean. De mem brocht har dochter sels nei de man ta. De man is feroardiele ta in finzenisstraf fan twa moanne.
De frou krige njonken har wurkstraf ien dei selstraf oplein. De rjochter hâlde dêrby rekken mei it feit dat de mem in kwetsber persoan is.