Direkteur Smals steurt har oan "zelfbenoemde deskundigen"

De ried fan De Fryske Marren moat him net liede litte troch "onderbuikgevoelens en verdachtmakingen". Mei dat boadskip kaam de direkteur fan sânwinningsbedriuw Royal Smals moandei nei De Jouwer. Neffens direkteur Resie Reijnders is de gemeenteried ûnder druk kaam te stean fan negative ferhalen yn de parse en op sosjale media oer de sânwinningsplannen yn de Iselmar.
Direkteur Smals steurt har oan "zelfbenoemde deskundigen"
Reijnders wie ien fan de lêste ynsprekkers op de spesjale jûn fan de gemeenteried oer de plannen. Tsientallen oare ynsprekkers lieten witte dat se gjin takomst sjogge foar sânwinning op de Iselmar. Sa soe it min wêze foar de natuer, soe it foar lûdsoerlêst soargje en bliuwe toeristen fuort as de sânwinningsyndustry nei de Iselmar komt.
De ferhalen fan de tsjinstanners dominearje al wiken it nijs. Ek hawwe der ferskate protestgearkomsten west. En ek foarôfgeande oan de gearkomste fan moandeitejûn waard der wer mei spandoeken en aksjeferskes omtinken frege foar de neidielen fan de sânwinning.

Bewuste radiostilte

It bedriuw dat dy sânwinning útfiere moat, hâldt him oant no ta op de eftergrûn. Sy wiene stil. Neffens Reijnders wie dat in bewuste kar, sa sei se tsjin de ried. "Jullie hebben niets aan welles-nietes spelletjes, dus hebben we gezwegen toen er aantoonbare onzin en onwaarheden werden verteld." Mar no wie it neffens har tiid om de kant fan Smals hearre te litten.
"Aan de ene kant ligt 12 jaar aan onderzoek van onverdachte onderzoekers. Er liggen dikke dossiers waarin alles staat uitgelegd. Aan de andere kant zijn er de onderbuikgevoelens", sa sei se. Reijnders is benammen lilk op de natuerorganisaasjes dy't tolve jier lang meipraat hawwe, mar no mei beswieren komme.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De tsjinstanners fan de sânwinning wiene net ûnder de yndruk fan it pleit fan de direkteur fan Smals. "Het verhaal van mevrouw Reijnders vond ik ongeloofwaardig." sa seit Wink Blomsma, dy't út namme fan ferskate pleatslik belangen ynspruts.
"Het was niet best om zo te beweren dat iedereen die hier zit onzin aan het verkondigen is. Ik heb meer vertrouwen in de deskundigen die vanavond hier hebben ingesproken en ik denk dat ze niet een goede beurt heeft gemaakt."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga