Waarman Piet Paulusma fuort by SBS6: "Ik hie dy 25 jier graach fol makke, mar it mei net sa wêze"

Waarman Piet Paulusma hâldt op by SBS6. It kontrakt fan de waarman út Harns wurdt nei 23 jier net ferlinge. Dêrmei komt in ein oan Piets Weerbericht, dat sûnt 1996 alle dagen te sjen is by de kommersjele stjoerder. "It is in strategyske keuze fan de lieding fan SBS6", lit Piet witte. "Dy hat sein: 'Wy geane in oare kant op mei it waar en dêr ha wy Piet net by nedich'. Skande, ik hie dy 25 jier graach fol makke."
© Arjan Sijtsma Photography / Omrop Fryslân
Op 31 desimber 2019 komt in ein oan it kontrakt fan Piet. It nijs waard him op 2 jannewaris meidield troch de lieding fan SBS6. Echt ferbjustere wie de waarman net. Piet: "Sjochst it wol in bytsje oankommen, want SBS wol in oare kant op mei de stjoerder. Dat betsjut dus ek dat der keazen is foar in oare opset fan it waar. En yn dat plaatsje pas ik net."

Meast besjoene programma

Piets Weerbericht is it meast besjoene programma fan SBS6. Dat hâldt de lieding lykwols net tsjin om foar in oar gesicht te kiezen. Piet is net frege om mei te tinken oer it nije konsept fan it waarberjocht. "Dan is it dus definityf klear. Dan ha ik hjir 23 jier sitten en hjir mei in soad nocht wurke. Ik hie graach dy 25 jier by SBS fol makke. Dat soe in rekôr wêze, mar dat slagget dus net. Spitich."

Net skoppe en slaan

Piet wol him fan takom jier ôf mear talizze op online waarberjochten. Oant dy tiid sil er it waar mei in soad nocht en wille presentearje by SBS. "Dat is myn profesjonaliteit: ik wol net skoppe en slaan."

365 dagen yn byld

Al mear 23 jier is Piet 365 dagen yn it jier it fêste gesicht as waarman fan SBS6. Yn al dy jierren moast er mar in pear kear ferstek gean litte. Yn augustus ferline jier waard er ferfongen troch syn dochter Martsje, fanwege in akute blokkade yn syn dikke term.
Piet bliuwt fansels wol de fêste waarman by Omrop Fryslân.
Piet Paulusma oer syn fuortgean by SBS6