Harry van der Molen: "Ofslútdyk hat foar minister gjin prioriteit"

It Ljouwerter Twadde Keamerlid Harry van der Molen fynt it ferskriklik dat de betsjinningsynstallaasje fan de brêgen en slûzen ûnbetrouber en ûnfeilich binne. "We hawwe al in hiel soad te stellen mei dy Ofslútdyk en we trúnje al hiel lang op oan by de minister om dêr no echt ris fûneminteel wat oan te dwaan. Ik kin der lilk om wurde"
Harry van der Molen yn petear mei Onno Pier Falkena
Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat hat yn in brief de Twadde Keamer op 'e hichte brocht fan de swierrichheden mei de betsjinnigsynstallaasje. De minister skriuwt ek dat der oardel oant twa jier nedich is om de problemen op te lossen. Om de nedige oanpassings oan it feilichheidssysteem te testen wol de minister de Ofslútdyk de kommende maitiid ien wike lang in folsleine nacht ôfslute foar alle ferkear.

It duorret te lang

No't der in akút probleem is hat de minister maatregels naam. Dizze soene der neffens Rykswettersteat foar soargje dat de brêgen en slûzen wer feilich binne.
Van der Molen is der lykwols hiel min oer te sprekken dat it noch wol oardel oant twa jier duorje kin foar't der in oplossing is foar de problemen en de feilichheid garandearre wurde kin.
Dat de provinsje Fryslân net op de hichte wie fan de problemen is foar Van der Molen ek net te begripen. De Ofslútdyk is in Ryksdyk, mar by dizze problemen hearre je neffens Van der Molen je partners, lykas de provinsje, yn te ljochtsjen.
Ofslútdyk © Shutterstock.com

Debat

Neffens Harry van der Molen is de hiele Keamer oertsjûge fan it feit dat de Ofslútdyk oanpakt wurde moat. Mar foar de minister liket it gjin prioriteit te hawwen: "Op in gegeven momint begjin je te tinken dat se it net hearre wol."
It CDA sil foar nije wike in debat mei de minister hjiroer oanfreegje.
Harry van der Molen oer de problemen mei de betsjinning fan de brêgen en slûzen