Betsjinning brêgen en sluzen Ofslútdyk ûnbetrouber

Troch in flater yn de software is de betsjinning fan de brêgen en sluzen op de Ofslútdyk ûnbetrouber. Allinnich troch goed minsklik hanneljen binne der noch gjin ûngelokken bard. It ministearje is op de hichte en ûndersiket de oarsaken. It duorret mooglik oardel oant twa jier foardat de steuring ferholpen is.
De draaibrêge by Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De betsjinnings- en bestjoeringsynstallaasje fan de brêgen en sluzen is yn 2016 ferfongen. Dêrnei waard dúdlik dat de ynstallaasje net goed funksjonearre. Der waard ek twivele oft er wol foldie oan de easken. Rykswettersteat hat yn 2018 ûndersyk dien nei de ynstallaasje.
Ut dat ûndersyk kaam nei foaren dat der in grut tal flaters yn de software sit en dat der mankeminten sitte yn de technyk. De konklúzje wie dat de feiligens fan de masine net garandearre wurde kin. Dit betsjut dat de brêgewippers en slûswachters der net op fertrouwe kinne dat de masine datjinge docht dêr't opdracht foar jûn is.

Ekstra brêgewippers en slûswachters

De monitor jout bygelyks oan dat de brêge noch iepenstiet, wylst op de kamera's te sjen is dat de brêge ticht is. Troch goed minsklik hanneljen binne der gjin ûngelokken bard. Rykswettersteat hat maatregelen nommen. Der binne ekstra brêgewippers en slûswachters ynset en der binne mear kamera's pleatst. Om in bliuwende oplossing te meitsjen, is mear tiid nedich: oardel oant twa jier.

5 oant 7 nachten stremd

Fan 't maitiid wurdt úteinset mei de reparaasje fan de software. De Ofslútdyk en miskien ek de farrûte sil dan fiif oant sân nachten stremd wêze, om teste te kinnen oft de reparaasje slagge is. Dan moat ek mear dúdlik wurde oer it wurk dat fierder noch dien wurde moat.
Rykswettersteat ûndersiket ek hoe't de oplevering fan de oannimmer yn 2016 west hat, om nei te gean wa't oanspraaklik is foar de flaters.