It giet wer better mei de Frysk readbûnte kij
De takomst foar de Frysk readbûnte kij sjocht der lang om let wer wat better út. Dat seit Durk Durksz, foarsitter fan Stichting Behoud Roodbont Friese Vee. Ferline wike binne der nammentlik fjirtich rêden fan de slacht, der kin makliker fokt wurde en hieltyd mear boeren krije wer mear gefoel foar de ko.
Petear Fryslan Hjoed Frysk readbûntekij: makliker fokke en mear oandacht
It wie feest by de stifting foar it behâld fan it Frysk readbûnte fee. Ferline wike kaam it berjocht dat fjirtich kij fan it útstjerrende ras rêden binne fan de slacht. Wat is der feroare yn ferliking mei 2018? "It grutte ferskil is dat de negative spiraal dêr't we yn sieten foarby liket", fertelt Durksz.
Mei DNA-analyzes yn it stamboek
Sûnt desimber steane der mear Frysk readbûnte kij yn it stamboek. Dit komt trochdat de kij no ek mei DNA-analyzes ynskreaun wurde kinne. Foarhinne koe dat allinnich as alle ynformaasje fan sawol de heit as de mem bewarre wie.
Durk Durksz: "Mar it kaam in protte foar dat de ynformaasje oer de mem of heit net goed byhâlden waard. Der stiene mar 480 kij yn it stamboek. No, mei dizze nije regel, stean der al 600 yn. Der binne dus eins folle mear suvere Fryske readbûnte kij, sûnder dat wy it wisten. Mar dy komme no tefoarskyn."
Ynstart boer Brunia
DNA-analyzes binne net allinnich wichtich foar de telling, mar ek foar it fokken. "It fokken is dreech as je in hiele lytse populaasje ha. Hoe grutter it stamboek, hoe breder de genetyske populaasje is wêrmeist fokke kinst." Ien fan de boeren dy't hjirmei dwaande is, is Jaring Brunia fan Raerd. Hy hat krekt in readbûnte ko kocht dy't net yn it stamboek stiet.
Omrop Fryslân folget al in pear moannen in libben fan Jeltsje it Frysk readbûnte kealtsje en ek de Stichting Behoud Roodbont Friese Vee yn harren missy om de Frysk readbûnte kij te rêden. Sjoch hjir foar in oersjoch.