Heech ûndersiket Hegemer Mar as mooglikheid foar doarpsferwaarming

De Hegemer Mar brûke om hûzen en bedriuwen te ferwaarmjen. Mei dat idee is enerzjykoöperaasje Duurzaam Heeg op dit stuit dwaande. It doarp hat koartlyn grien ljocht jûn foar it fierdere ûndersyk nei plannen foar dizze kollektive enerzjyfoarsjenning. De koöperaasje besiket it doarp enerzjyneutraal te meitsjen en dus ek los te keppeljen fan it ierdgas. Mar dêrfoar moat al wat yn't plak komme.
Hegemer Mar as doarpsferwaarming
Foarsitter Anton van Wijk fan Duurzaam Heeg
It idee bestiet út it ûntwikkeljen fan in systeem wêrby't simmerdeis relatyf waarm wetter út de mar sa'n 160 meter djip de grûn yn pompt wurdt. Dat noch hieltiten waarme wetter wurdt letter as der ferlet fan is mei in waarmtewikselder wer omheech helle en smyt enerzjy op om hûzen en oare gebouwen te ferwaarmjen. It is in besteande technology dy't goed wurket.

Undersyk nei helberens

De koöperaasje krijt help fan in soad partijen, mar it is noch net wis oft it plan ek echt trochgiet. De helberens wurdt no ûndersocht. En as it kin en ek finansjeel útkin mei foldwaande dielnimmers soe de ynstallaasje mooglik yn 2021 oanlein wurde kinne.