Net 57 ûntslaggen by kweker Hartman, mar tweintich

Der is lang om let dúdlikens foar de fêste wurknimmers fan glêstúnboubedriuw Hartman yn Seisbierrum. Yn stee fan 57 wurde der tweintich wurknimmers ûntslein, fjouwer hawwe al in oare baan. De oare 33 personielsleden sille foar 75 persint oan de slach.
Net 57 ûntslaggen by kweker Hartman, mar tweintich
Bestjoerder Sijtze de Bruine fan it CNV oer Hartman
Neffens fakbûn CNV waarden de personielsleden moandeitemiddei bypraat oer de nije situaasje. It bûn is reedlik tefreden oer de regeling, seit fakbûnsbestjoerder Sijtze de Bruine.
"Er wordt per individu gekeken naar de mogelijkheden die er zijn. Dat is mooi. Voor de mensen die worden ontslagen, proberen we nog een scholingstraject te organiseren", seit De Bruine. "Daar is de afgelopen jaren niks van terecht gekomen. De ontslagen zijn natuurlijk verdrietig, maar dit is wel een goed voorstel."

Lang om let foarstel

Al sûnt ein foarich jier is bekend dat der minsken fuort moatte by it bedriuw yn Seisbierrum. Der wie lykwols ûndúdlikens oer de eksakte oantallen. Oant snein, doe't de bedriuwslieding lang om let mei in foarstel oer de brêge kaam. De Bruine tinkt dat dit foarstel úteinlik de einstreek helje sil. "Het is voor 95 procent zeker dat dit het gaat worden."
It personiel dat bliuwe mei, krijt ek noch ris in transysjefergoeding en WW oer it fearn fan it lean dat se ynleverje moatte.

Direksje

Ek de direksje fan Hartman is wiis mei it ûnderhannelingsresultaat. Neffens de kweker bliuwt mei dit akkoart de wurkgelegenheid grutdiels behâlden. "Deze plannen moeten leiden tot de omvorming van Hartman tot een honderd procent biologische teler", skriuwt de direksje yn in ferklearring.
Hartman sil no wol meiwurkje oan de trainings en opliedings fan it personiel. Neffens it bedriuw is dy ynvestearring ek hurd nedich om oerskeakelje te kinnen nei folslein biologyske teelt.
De folsleine ferklearring fan Hartman:
"De firma Hartman heeft na langdurig en goed overleg met personeel en de bonden zijn plannen zo goed als gereed. Deze plannen moeten leiden tot de omvorming van Hartman tot een 100% biologische teler. Hoewel de basis voor de plannen reeds in het laatste kwartaal van 2018 is gelegd, is de afgelopen weken intensief overleg gevoerd met de bonden hetgeen tot aanpassingen heeft geleid, met name als het gaat om personeel. In plaats van volledig ontslag voor 57 medewerkers zal er nu voor 33 mensen gedeeltelijk ontslag plaatsvinden. Met dit plan blijft de werkgelegenheid grotendeels behouden. Bovendien zal Hartman op korte termijn investeren in opleiding van het personeel, waardoor het bedrijf zich nog beter kan richten op een gezonde toekomst met 100% bioteelt. Het plan dat in grote lijnen staat, wordt begin februari gepresenteerd."
Ferslachjouwer Gerrit de Boer leit út hoe't de saken der foar steane by Hartman