Dick út Marsum sit by de lêste tsien kandidaten fan 'Project Rembrandt'

Yn it nije NTR-programma 'Project Rembrandt' wurdt socht nei de bêste amateur keunstskilder fan Nederlân. Ut fyftich kandidaten binne tsien talinten keazen dy't yn in healjier tiid it âlde ambacht fan keunstskilder besykje ûnder de knibbel te krijen. By de lêste tsien sit ek Dick Kamstra út Marsum.
© Ruben Timman, nowords.nl
De pensjonearre feteraan Dick Kamstra (60) tekenet al syn hiele libben. Yn syn jierren as beropsmilitêr sketste er elk frij momint minsken en makke er ek cartoons. Dy stienen geregeld yn it blêd fan Definsje. Nei syn pensjoen is er fanatyk oan it skilderjen gien.

Ik word nog een bekende Fries, op mijn oude dag

"Je wilt niet weten wat er na de uitzending gebeurde. Tot twaalf uur 's nacht heb ik appjes beantwoord en Facebookberichten. Dat had ik nooit verwacht. Ik ben al geïnterviewd door het Friesch Dagblad en nu de Omrop. Ik word nog een bekende Fries, op mijn oude dag."
Op Facebook seach er in advertinsje foar it programma. "Het leek me leuk om mee te doen, je kunt het altijd proberen. Ik heb twee foto's van eigen werk ingestuurd en toen werd ik uitgenodigd voor een screentest. Ik wist niet wat me overkwam."
Syn dosint yn it programma is Jaap Godrie. "Hij is een hele goede docent. Ik heb nooit les gehad. Ik ben een hol vat, alles wat je erin stopt, krijg je er weer uit. Ik heb genoten van de lessen. Hij zei dat ik potentie heb. Ik heb het opgepakt, ben aan de slag gegaan en heb lessen gevolgd."

En hoe fier skopt er it?

"Ja, dan moet je alle afleveringen bekijken, dan weet je alles, Het zou zonde zijn als we verraden wie doorgaat. Als ik dat vertel, kijkt er niemand neer."
De winner mei eksposearje yn it Rijksmuseum. "Dat wil elke schilder. Ik heb er weleens een dagje rondgelopen tussen die prachtige mooie werken, dan voel je wel nietig."
Yn acht ôfleveringen moatte de dielnimmers nije opdrachten dwaan. Sa stappe se yn de fuotleasten fan de learlingen fan Rembrandt. Elke wike moat ien kandidaat ôffalle. De sjoggers kinne thús op projectrembrandt.nl de masterclasses folgje.

Rembrandt-jier

2019 is útroppen ta Rembrandt-jier. It is 350 jier lyn dat de masterskilder fan 'De Nachtwacht' stoar. Syn neilittenskip wurdt yn tal tentoanstellingen sjen litten, wêrûnder it Fries Museum yn de útstalling 'Rembrandt en Saskia, liefde in de Gouden Eeuw.'
Dick Kamstra
It programma is sneins te sjen om 21.20 oere op NPO1. De lêste ôflevering is 7 april.