Fisker Tjeerd Visser: "It is ferskriklik hoefolle rotsoai oft der yn see driuwt"

De WL 4 fan fisker Tjeerd Visser en syn bemanning út Damwâld fiske de ôfrûne dagen yn it Noardseegebiet tusken Skylge en Skier. Se kamen fan alles tsjin yn 'e netten lykas autobumpers, badkupen, bakjes, stuoltsjes en noch folle mear.
Garnalefiskers mei boartersguod

Skip kin omgean

"It is echt in ramp. It is Is ferskriklik hoefolle rotsoai oft der yn see driuwt. Wy hawwe no in pear dagen fuort west en yn in pear dagen tiid in bigbag fol", fertelt skipper Tjeerd Visser. "Dizze kear foel de skea ta gelokkich. Wat lytse gatsjes yn 'e netten dy't wol makke wurde kinne. Mar in oare kear kin dat samar folle slimmer wêze. As in net yn sa'n kontener heakket, hawwe jo in grutte ûnkostepost. En as it mâl giet, kinst de kotter der wol op omlûke.
De WL 4 leit de kommende wiken foar de wâl foar in opknapbeurt. Mar dêrmei is de ellinde foar Visser net foarby. Hy tinkt dat de gefolgen fan'e kontenerramp noch jierren fielber wêze sille. En dat betsjut flinke finansjele skea foar syn bedriuw.

Finansjele kompensaasje

Der moat wat komme om de finansjele skea te kompensearjen, fynt Visser. Hy tinkt oan in bedrach foar elke bigbag dy't se oan wâl bringe. "En wy moatte de skea dy't wy hawwe, op in normale wize weromkrije, ynklusyf it fiskferlet."

Omfang wurdt no pas dúdlik

It is in pear wiken ferlyn dat de sawat trijehûndert konteners fan de MSC Zoe foelen. No't de skippen wer echt oan it fiskjen binne, wurdt pas dúdlik hoefolle rotsoai oft der yn see driuwt of op de seeboaiem leit, fertelt Sarah Verroen fan kotterorganisaasje VisNed. "It is foar de manlju ek in bytsje útprobearje wêr't se wol en net komme kinne. Wy binne hiel bliid dat de fiskers dat oer de app meidiele."
Der sitte seker risiko's oan fiskjen yn dizze situaasje, neffens Verroen. In sechstich konteners binne noch net lokalisearre. De fiskers wolle witte oft it feilich is, dus binne der gebieten dêr't se net mear komme.

Oaljeramp mar dan mei guod

Verroen: "Wy hawwe fan it begjin ôf sein: Dit eins in oaljeramp, mar dan mei guod. It plak dêr't it guod leit, wreidet him hieltyd fierder út. Fiskjen yn sokke omstannichheden is net maklik. want it is kâld, it skip beweecht en de manlju wurkje bûtendoar oan dek. It is gjin dwaan ast dan guod út de netten peuterje moatst. Fierders kin der flinke skea ûntstean oan de netten troch it guod dat deryn hingjen bliuwt."
Verroen ropt op ta in rappe berging, want it gebiet dêr't it guod leit, wreidet him hieltyd fierder út

Budzjet fierste leech

Alle jierren helje fiskers sawat 300.000 kilo ôffal út see. Op basis fan de ynhâld fan de konteners sil dêr njoggen miljoen kilo ôffal by komme, seit Verroen. Dat kin mei de logistyk en de budzjetten fan no net behapt wurde.
Der is jild om de gebrûklike 300.000 kilo oan ôffal op te rêden. Dat jild wurdt brûkt foar de fasiliteiten. Fiskers kinne dêr bigbags foar krije foar mei oan board, der steane ôffalkonteners op de wâl en it ôffal wurdt ferwurke. By safolle guod is it jild dat der no beskikber is, by lange nei net genôch. Boppedat is der no ek gjin finansjele fergoeding foar de fiskers foar bygelyks skea oan netten.
Tongersdeitemoarn hat VisNed yn in oerlis praat mei KIMO, de organisaasje dy't Fishing for litter fasilitearret. Der moat mear jild by, sa is wol dúdlik wurden, seit Verroen. "Op lange termyn moatst dan tinke oan foarskot fan in miljoen of oardel miljoen euro. Op koarte termyn is der akút in probleem."
Petear garnalefiskers