BDS Harns kin kontenerôffal hurder ferwurkje as dat it binnenkomt

De earste konteners dy't troch de bergingsskippen omheech helle binne, binne woansdei nei Harns ta brocht. It bergingsskip Atlantic Tonjer ferfierde se nei it terrein fan 'maritime tsjinstferliener' BDS. By BDS sille se it guod ferwurkje.
BDS Harns kin kontenerôffal hurder ferwurkje as dat it binnenkomt
"Van de containers die we binnen krijgen, is het meeste al aardig klein. Dat gaan we van elkaar scheiden. Het staal gaan we klein knippen en wordt afgevoerd", fertelt André Borsch fan BDS. "Het vuil gaan we uitzoeken, zoals hard plastic. En de rest gaat in het algemene afval."
De rest fan it ôffal giet nei ôffalferwurkers foar safier't dat mooglik is. It guod wurdt lykwols net troch de REC ferbrând. "Het gaat naar andere afvalverwerkers." De konteners dêr't neat mear yn sit, wurde ek fynknipt en recycle as stiel.
Andre Borsch fan BDS-Harlingen oan it wurd
De bergingsskippen sille sa'n 75 dagen dwaande wêze mei it bergen fan de sonken konteners. Dêr binne se by BDS lykwols net sa lang mei dwaande. "In een uurtje hebben we zes of zeven van die containers geknipt. Dat is het probleem niet. Alleen de aanvoer gaat nog niet zo snel." It bedriuw kin it guod flugger ferwurkje as dat it oanfierd wurdt.
© Remco de Vries