Fjirtich Fryske readbûnte kij hoege net nei de slacht

Fjirtich Frysk readbûnte kij binne rêden fan de slacht. Nei in lange striid ha eigeners Sandra en Harald Woldring út Haren lang om let gelyk krigen: se krije in útsûndering op de fosfaatwetjouwing en dêrmei is in grut part fan it útstjerrende koweras rêden.
Fryske readbûnte kij © Omrop Fryslân
De famylje Woldring hat in pear drege jierren efter de rêch, mar it liket no de goeie kant út te gean. Yn 2011 wie der sykte yn it bedriuw wêrtroch't in soad Frysk readbûnte kij deagienen, dêrnei kaam in nije fosfaatwetjouwing wêrtroch't se harren krekt opboude feesteapel wer beheine moasten en krigen se boetes om't se wegeren it útstjerrende ras nei de slacht te bringen.
Op de buorkerij fan de famylje rinne op dit stuit sa'n 180 Frysk readbûnte kij. Dat is bysûnder, want der besteane noch mar 600 fan dizze soart. "Maar nu kunnen we eindelijk weer beginnen met het fokken van de koe en kunnen we tot 240 hier houden", seit Sandra Woldring.

Frysk readbûnte kij

De Fryske readbûnte kij hat in lange skiednis. Yn de Midsiuwen hie de soart yn Noard-Nederlân de oerhân. De ko is sterk, jout goeie molke en it fleis hat kwaliteit. Mar om't de molkeproduksje fan de swartbûnte kij folle heger leit kieze in soad boeren dochs foar it jild. Yn 40 jier tiid gie it tal fan 2.500 nei noch mar 17 readbûnte kij yn 1993. De Stichting Roodbont Fries Vee is doe oprjochte en der wurdt in fokprogramma opset yn gearwurking mei boeren en it sperma fan bollen komt yn in 'genenbank'. De stichting docht, krekt lykas no, der alles oan om de Fryske readbûnte kij fan de ûndergong te rêden.

Takomst

Woldring kin har no einlik wer rjochtsje op de takomst. "Wij verkopen hier nu al kaas van onze koeien, maar eigenlijk spelen we al heel lang met het idee dat we ons erf toegankelijker willen maken voor mensen. Dat mensen kunnen zien hoe het bij ons op het bedrijf gaat en meer in contact komen met dit bijzondere ras."
Sandra Woldring
Neist dit bedriuw binne noch folle mear melkfeehâlders yn Fryslân dy't mei ûngefear itselde probleem sitte. Troch de fosfaatregeling dy't ynhâldt dat in boer net mear kij hawwe mei as dat er hie op 2 july 2015, wurde der in soad Frysk readbûnte kij nei de slacht brocht.
Earder spruts de Stichting Roodbont Friese Vee syn soargen út om't sy seagen dat ien tredde fan de totale populaasje Fryske readbûnte kij it slachthûs yn gie.
Omrop Fryslân folget al in pear moannen in libben fan Jeltsje it Frysk readbûnte kealtsje en ek de Stichting Roodbont Friese Vee yn harren missy om te kij te rêden. Sjoch hjir foar in oersjoch.