Ferskate oanridingen op Ofslútdyk troch glêdens

Yn beide rydrjochtingen op de Ofslútdyk ha tiisdeitemiddei ferskate oanridingen west. Dy barden ta hichte fan Koarnwertersân. Der wienen goed wat helptsjinsten oanwêzich.
Timo op de Ofslútdyk
In buske is tsjin de fangrail riden en in stikje fierderop barde itselde mei in auto. Ien rydstripe is yntusken ôfsletten.
Ek oan de Noard-Hollânske kant fan de Ofslútdyk binne der problemen en ek dêr oan beide kanten fan de dyk: nei Fryslân ta en út Fryslân wei.
Ferskate oanridingen op Ofslútdyk troch glêdens

Diskear ek struie op Sintrale As

Rûnom yn Fryslân wurdt yntusken mei sâlt struid. Sa binne se by de Sintrale As drok dwaande. Dêr waard ferline jier in dei net struid en dêrtroch wiene der doe ferskate ûngelokken.

Koade giel

Yn hiel Nederlân jildt yntusken koade giel fanwegen glêdens troch de snie.
© CAMJO media