Garnalefiskers helje miny-BMW's boppe wetter yn syktocht nei konteners

Garnalefiskers hawwe yn de Noardsee in bysûndere fynst dien: se hellen twa miny-BMW's boppe wetter. De BMW's sieten nei alle gedachten yn de konteners dy't begjin jannewaris oerboard foelen fan de MSC Zoe. It kontenerskip ferlear sa'n 300 konteners yn de Noardsee boppe de Waadeilannen.
Dizze wike is in grutte aksje fan Rykswettersteat en marine úteinset om de konteners op te spoaren en boppe wetter te heljen. Se krije stipe fan fiskers, dy't it losse guod út de konteners opfiskje. It opfiske guod wurdt foar recycling oanbean.
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.