Kollum: "Luizenmoeder"

"De telefyzje ferwurdet al mar mear nei ienheidswoarst. Der binne jûnen dat je trije kear by alle kanalen del west hawwe en dat der echt hielendal neat op is dat je pakt. Ien fan de útsûnderingen op dizze regel is de Luizenmoeder.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
Ferdinand de Jong: Luizenmoeder
Ik haw op de basisskoalle fan ús bern in skoft yn de meisizzenskipsried sitten en hast alles dat yn de Luizenmoeder foarbykomt, is wier. Fansels wat swier oanset, mar geweldich werkenber. En ek typysk Nederlânsk. Yn in gemiddeld Frysk doarp sil de benadering net hiel oars wêze, mar op it plattelân giet ien en oar der dochs wat oars oan ta as yn de Rânestêd.
Eins soe der in Fryske ferzje fan dy Luizenmoeder komme moatte. Dat soe sûnder mis in Fryske sjochsiferhit wurde. Omdat it sa freeslik werkenber is, de deistige wrâldproblemen fan oerbesoarge âlders en learkrêften, dy't ûnder tiidsdruk fan steapels papierwurk en sosjale media amper mear oan de bern ta komme.
It liket my dus ek hielendal logysk dat in Belgyske fariant op dizze Nederlânske searje troch Belgen spile wurdt. De kultuerferskillen tusken de Nederlânske Rânestêd en it Flaamske binne der no ienkear. En it is ek noch in kear hartstikke moai dat dy der binne. Elk folk hat syn eigenaardichheden, gewoanten en tradysjes. Dêrtroch binne je wat je binne. As je alles mar oer ien kaam skeare wolle, bliuwt der in saaie en totaal net spannende wrâld oer.
It foel my dus ek op hoe nuver oft der troch guon minsken reagearre waard op de aksje fan de FNP, dy't ús Fryske gewoanten yn eare hâlde wol. Ek myn achte kollega Eelke Lok die it dêr online nochal mâl oer. Ik begryp dat net, want Flamingen sile net massaal op skûtsjes en ik haw net de yndruk dat Eelke dat silen op dy grutte prachtige platte preammen dan ek mar ôfskaffe wol. De iene typyske Fryske tradysje is blykber de oare net. Mar ja, ik bin dan ek gek op karbidsjitten.
Goed, de Luizenmoeder. Yn de Volkskrant stie in stikje dat it sa spitich wie dat der in Flaamske fariant kaam, omdat it Nederlân en Flaanderen wer in stik útinoar driuwe soe. De skriuwer hie it sels oer in 'onoverbrugbare kloof'. Wat wol dy man dan? Yn dit gefal hjit de skriuwer Bart Dirks, 47 jier lyn berne yn Heerlen. Wat wol dy? Dat de Belgen krekt sa wurde as de Nederlanners? Want ik kin my net yntinke dat hy him de rest fan syn libben as in Flaming gedrage sil. It is dus in rare en nuvere reaksje op it feit dat der kultuerferskillen binne tusken Nederlanners en Flamingen. Lit dy der asjeblyft bliuwe. En lit ús fan dy kultueren genietsje, we kinne sels wol kieze hokker oft we wol en net moai fine. Bart Dirks koe him better ynspanne foar in Limboarchske ferzje fan de Luizenmoeder.
Lit elts syn eigen ding dwaan. Ik moat der bygelyks net oan tinke dat ik frijwillich nei Dútske schlagers of Amsterdamske jankfodden harkje moat. Oaren fine dat moai. Lit se. Mar as der in Fryske fariant fan de Luizenmoeder komt, wol ik wol meidwaan yn in rol as MR-lid. Ik haw ûnderfining. Dus."