Gearwurking moat oanpak natuerbrannen better meitsjen

Feilichheidsregio's en ferskate oare partijen wolle mei-inoar wurkje oan de oanpak en behearsking fan natuerbrannen. Om oan dy gearwurking foarm te jaan wie der tongersdei in gearkomste yn Appelskea. Oanlieding wie de natuerbrân yn Wateren fan de ôfrûne simmer.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Dy brân hat neffens de belutsen partijen sjen litten hokker gefolgen in natuerbrân hawwe kin. Feilichheidsregio's wolle tenei mear gearwurkje mei ûnder mear terreineigeners, campinghâlders en gemeenten oan maatregels om brannen en de effekten dêrfan foar te kommen.
It giet dan bygelyks om it útwikseljen fan kennis oer tagongsdiken, de beskikberheid fan wetter en de berydberheid fan in natuergebied troch swier materieel.