Mear as hûndert meiwurkers Dockinga College bypraat troch ûnderwiisbûnen

De ledegearkomste fan de ûnderwiisbûnen yn Dokkum hat tongersdeitemiddei mear as hûndert meiwurkers fan it Dockinga College lutsen. Sy waarden op de skoallokaasje oan de Burdaarderstrjitwei bypraat oer de petearen dy't de bûnen mei de direksje fierd hawwe. Ek wie der gelegenheid foar de meiwurkers om fragen te stellen.
De nijbouplannen foar de skoalle wurde earst even útsteld © Omrop Fryslân
Woansdei waard bekend dat de twongen ûntslaggen by it Dockinga College foarearst fan tafel binne.
Neffens de meisizzenskipsried fan it Dockinga College wie de sfear op de gearkomste noflik en is de skrik fan de ûntslaggen, dy't yn novimber foarich jier oankundige waarden, foar no fuort nommen.

Gjin dúdlikheid oer tekoart

Der is lykwols noch gjin dúdlikheid oer it krekte tekoart fan it Dockinga College. De direksje en de bûnen ferskille op dit punt fan miening. Neffens it Algemiene Underwiisbûn is it tekoart minder as de helte fan de sifers wêrmei't de direksje fan de skoalle wurket.
Direkteur-bestjoerder Geert van Lonkhuyzen fan it Dockinga College woe tongersdeitejûn fierder neat sizze oer de petearen dy't mei de bûnen fierd binne.