Aksjegroep protestearret by ynformaasjejûn oer gaswinning Blije

Aksjegroep Laat Friesland Niet Zakken hat woansdei yn Blije protestearre tsjin foarnommen gaswinning by it doarp. De NAM, de Noordelijke Aardoliemaatschappij, hâlde in oanrinsprekoere yn it doarp om nije plannen foar gaswinning ta te ljochtsjen oan omwenners. De groep begrypt net dat yn Grinslân hieltyd minder gas út de grûn helle wurdt, mar yn oare provinsjes lykas Fryslân hieltyd mear boarlokaasjes komme.
Aksjegroep protestearret by ynformaasjejûn oer gaswinning Blije
"We zien dat, door de plannen om in Groningen fors de gasboringen te minderen, met name in Friesland het aantal boorlocaties toeneemt. Dat staat haaks op het landelijke beleid om juist de CO2-uitstoot en gaswinning te verminderen", aldus Machiel Aarten.
De man sit foar de SP ek yn de Steaten, mar is hjir net yn politike funksje. "Ik zit inderdaad in de Staten namens de SP, maar ik sta hier namens de werkgroep." Aarten dielde bûten flyers út oan alle besikers fan de ynformaasjejûn.
Aksjegroep Laat Friesland Niet Zakken stiet te flyerjen © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Jeroen Boersma yn petear mei Machiel Aarten
Op de ynformaasjejûn sels kamen in tsientallen minsken út de buert fan Blije ôf. De measten wiene besoarge oer wat der yn de takomst barre sil op de plakken dêr't no nei gas board wurdt. Martin Vervoort en Aafke van Dijk, dy't tusken Blije en Holwert wenje, hawwe al earder grutte skuorren yn har hûs krigen.
Nei ûndersyk seit de NAM dat it net troch de gasboarringen komme kin, mar de bewenners sizze dat neat oars de skuorren feroarsake ha kin. De twa binne benaud dat troch de nije boarrings de skea allinnich mar grutter wurde sil.