Is de kontenerramp in ekologyske ramp?

By har besite oan Skylge ferline wike sei minister Van Nieuwenhuizen dat de kontenerramp "een ecologische ramp zou kunnen worden." Hoe sjogge Tjisse van der Heide en Lutz Jacobi der nei? Wittenskipper Van der Heide docht ûndersyk nei de ekologyske gefolgen fan de kontenerramp op de Waadsee. Lutz Jacobi is direkteur fan de Waadferiening.
© Bartele Boersma
Kin de kontenerramp in ekologyske ramp neamd wurde?
Neffens Lutz Jacobi kin no al wol fan in ramp sprutsen wurde. "We hawwe it hjir wol oer Wrâlderfgoed. It leit net allinne op de strannen, mar ek yn de dunen. Ik seach de miuwen al yn it plestik omhappen. Der binne ek acht deade seehûnen fûn, mar dêrfan moat noch ûndersocht wurde oft dat te krijen hat mei dizze ramp."
Oft der sprake is fan in ekologyske ramp kin Tjisse van der Heide noch net echt sizze. "We moatte de lange termyn ôfwachtsje. No lizze de strannen en kustlinen fol mei it saneamde HDPE-plestik, dat is lyts plestik. As dat yn it systeem komt, kin dat grutte gefolgen ha. Ik bin wol skrokken dat it op sa'n grutte skaal is."
It folsleine petear mei Lutz Jacobi en Tjisse van der Heide
© Omrop Fryslân, Geertrui Visser
Wat is nedich?
Lutz Jacobi: "Der is in strukturele oanpak nedich. Der moat in rampeplan komme, dat hat de minister ek tasein. Der wurdt al lang praat oer it belang fan in behearautoriteit foar it Waad. Ien moat dêr ferantwurdlikheid foar nimme, it wurdt no net koördinearre."
Ek Tjisse van der Heide ûnderskriuwt dat der gjin koördinaasje is. "Je moatte in oersjoch krije fan hoe slim oft it is, hoe grut en hoe't je it opromje kinne. Nei in mjitting op Skier is útrekkene dat der al fjouwer miljoen lytse plestikdieltsjes lizze. En der kin letter noch folle mear by komme."
"De gemeente hat flink trochpakt mei it oprêden. Dat grutte spul is wol op te rêden mar mei dat lytse spul is dat dreech. Kinst minsken net mei in pinset de dunen ynstjoere. De útfierder skrok fan hoefolle plestik oft der lei en wist net hoe't er dat ha moast.
No is it wiet waar, mar as it aans drûch wurdt dan stowe de kerrels ûnder it sân en komme se letter wer ris boppe. Elke floed set wer guod ôf. Je moatte alle dagen opromje om it by te hâlden. "
© De Vries Media
Wurdt it plestik wei?
"De kerrels mjitte no fjouwer milimeter, dat ite fisken en fûgels" leit Tjisse van der Heide út. "Mar der groeie aansens ek baktearjes op en algen. Dat smakket nei iten en oan it plestik dat se binnenkrije, kinne se deagean. It plestik fergiet net, mar falt út elkoar yn noch lytsere stikjes, nanoplestik, en dat ite dan ek wer de lytsere bisten lykas plankton en moksels."
Ek it fee dat op de kwelders stiet, hat der mei te krijen, want dêr komt it plestik ek telâne. Dat waait oer de dyk hinne. "We hâlde hjir noch tsientallen jierren lêst fan. Dat hat wol gefolgen, want it bliuwt permanint yn it systeem omdat it dus net ôfbrekt."
© Omrop Fryslan
Wat moat de polityk dwaan?
Neffens Jacobi ha tal fan partijen ha Keamerfragen te lizzen oer de kontenerramp. "Der moat in rampeplan moat komme. En der moat in oanpak komme foar de noardlike farrûte, der moat goed sjoen wurde nei wat ferantwurde yn it Waadgebiet. En der moatte chips op de konteners komme.
Se wol noch in stap fierder gean. "Sjoch ris nei watfoar shit der allegear yn de konteners sit oan Ikea en Xenosguod. We ha it hielendal net nedich, we moatte soks net mear keapje!" "We dogge der allegear oan mei", follet Van der Heide oan. Der moat mear bewustwurding komme."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Wat kinne frijwilligers dwaan?
"Hartstikke moai fansels, al dy frijwilligers dy't op de boat stappe om te helpen", seit Jacobi. "In rampeplan moat ek fragen beäntwurdzje as: wêr is de help nedich. En der moat in soarte fan frijwilligersmanagement komme."
"We ha in website www.waddenplastic.nl makke. We binne ek mar begûn en it fjild yngien. Dy mjitmetoade is maklik ek foar minsken om sels te dwaan
om yn kaart te bringen wêr't de plestik kerrels yn it floedmerk, de line fan oanspield materiaal nei heech wetter, fan de see lizze.
© André Borsch
Wa is de baas oer it Waad?
"Dat witte we net. Der binne wol 15 organisaasjes en oerheden belutsen by it gebiet. Elk sjocht nei elkoar. It is kompleks", leit Van der Heide út. Jacobi pleitet foar "ien floeiende oanpak foar land, zee en lucht."
"Der moat wat komme ferlykber komme mei it Deltaprogramma en in soarte fan Deltakommissaris. Sa'n ien moat ûnôfhinklik prioriteiten stelle en stjoere, de kommunikaasje opstarte en de regy nimme." Neffens har soe sa'n autoriteit goed yn Harns komme kinne.
It petear wie yn Buro de Vries.
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.