Molkwein bedarret yn berm en sit oeren fêst

In molkwein hat moandeitejûn hast fjouwer oeren fêststien yn de berm fan de Doekemawei by Foudgum. De sjauffeur bedarre mei de folle tankwein yn de wiete berm en kaam fêst te sitten.
© De Vries Media
Mei help fan in berger waard de frachtwein nei fjouwer oeren loslutsen. Earder op de dei kaam der op de Ham by Dokkum ek al in frachtwein fêst te sitten yn de wiete berm. Ek dizze wein moast mei help fan in berger op de dyk holpen wurde.