Fertochten fjoerwurksaak Moarre frijlitten

De plysje hat de twa fertochten út Moarre yn de deadlike fjoerwurksaak frijlitten. Se bliuwe wol fertochten yn de saak. De tredde fertochte, in man út Eanjum, sit noch wol fêst.
© Omrop Fryslân, Evert van den Berg
De trije fertochten waarden op 1 en 2 jannewaris oanhâlden fanwege it deadlike ûngelok op âldjiersjûn, wêrby't de 41-jierrige Nutte Cuperus út Moarre omkaam. De plysje siket út wat der krekt misgean is. Dêrby wurdt ek sjoen nei wa't it profesjonele fjoerwurk yllegaal kocht hat en wa't it oanstutsen hat.