Buurt-Ton fan Postcode Loterij op De Jouwer en yn Snits

Ynwenners fan De Jouwer en Snits winne op nijjiersdei 100.000 euro by de Postcode Loterij. It giet om twa postkoaden op De Jouwer en ien yn Snits, dy't by de Eeltje Halbertsmastrjitte en de Sulversmidte (De Jouwer) en de Stienklip (Snits) hearre.
© Roy Beusker Fotografie
De winners fan de Buurt-Ton diele de jildpriis mei elkoar, it jild wurdt ferdield ûnder it tal dielnimmers. Wat mear lotten in dielnimmer hat, wat grutter de priis is.
De winners krije yn jannewaris skriftlik te hearren wat har priis is.
De PostcodeKanjer, dy't foarich jier yn Eastermar foel, giet diskear nei Glimmen yn Grinslân. Sy meie 53,9 miljoen euro ferdiele.