Wim Stroetinga prolongearret nasjonale titel op de koppelkoers

Wim Stroetinga hat mei syn maat Yoeri Havik de koppelkoers wûn op it NK baanhurdfytsen. Yn Apeldoorn fytsten se sechstich punten byinoar en dat wie mear as genôch foar de nasjonale titel. It is Stroetinga's twadde gouden medalje fan it wykein. Freed wie er al de bêste op de scratch.
Wim Stroetinga en Yoeri Havik op it NK © www.orange-pictures.nl
Op it twadde plak einige it duo Jan-Willem van Schep en Cees Bol, dy't 48 punten pakten. It brûns wie foar Pim Ligthart en Jesper Asselman (41 punten).
Net allinnich Stroetinga pakte dit NK twa titels, syn maat Havik wie sneon al de bêste op de puntekoers. Dêr die Stroetinga ek oan mei, mar foel er bûten de prizen.

Prolongaasje

Stroetinga en Yavik wiene ferline jier ek al de bêsten. Foar Stroetinga wie it al de sechsde titel op de koppelkoers. Yn 2006 en 2007 wûn er it ûnderdiel mei Niki Terpstra, yn 2008 mei Peter Schep en yn 2013 mei Jens Mouris.