HEA! It karbidkanon fan Terherne is ferbean, mar der is in nij apparaat

HEA! karbid
Op âldjiersdei klinke rûnom yn de provinsje de knallen fan karbid. Ek yn Terherne. Dêr is de sjitterij op âldjiersdei hast in kompleet festival wuden, mei iten, drinken, en muzyk.
De karbidploech is no al oan it oefenjen. Foarich jier hiene se in grut kanon, mar dat is ferbean. Dus no moatte se wer werom nei de molkbussen. En om dat spesjaal te meitsjen, ha se in draaiend rêd makke. By in loadske op De Jouwer teste se oft alles klear is foar de grutte dei.