Kom net nei de gemeente, de gemeente komt nei jo!

Troch in nije wize fan gearkommen wol de gemeenteried fan De Fryske Marren tichter by de boargers komme te stean. Wichtichste feroaring is dat de kommisjegearkomsten ôfskaft wurde. Yn plak fan dizze formele gearkomsten komme ynformele petearen mei de ynwenners en organisaasjes yn de gemeente.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Foarsitter Matthijs Sikkes-Van den Berg fan de wurkgroep
De minsken wurde útnûge op basis fan it ûnderwerp dat bepraat wurde sil. Of riedsleden komme nei in lokaasje ta om mei de belanghawwenden te praten oer saken dy't der ta dogge. Ek sil der net mear ien kear yn de moanne besluten naam wurde yn de gemeenteried, mar kin dat om de twa wiken barre.
It idee foar de nije wize fan gearkommen is ôfsjoen fan ferskate oare gemeenterieden. Sa wurdt der op inselde wize wurke yn Meppel, mar ek foar in part yn Smellingerlân. "We hawwe by ferskate gemeenten del west om te sjen wat foar ús wurket." sa seit foarsitter Matthijs Sikkes-Van den Berg fan de wurkgroep dy't de nije wurkwize betocht hat.
"We woene it benammen dúdliker meitsje foar de ynwenners, wat der no krekt bard yn de gemeenteried, mar ek woene we wat mear echt yn petear reitsje. Yn de âlde situaasje koene minsken wol ynsprekke yn de kommisjegearkomsten, mar dat wie allegearre hiel formeel. It moat wat losser."